GGD meldt 1.108 besmettingen, hege oantal komt troch steuring snein

Yn Fryslân hat it RIVM yn de ôfrûne 24 oeren 1.108 nije coronabesmettingen registrearre. Snein waarden 589 besmettingen meld. It is foar it earst dat der mear as tûzen besmettingen trochjûn binne, mar dat hat te krijen mei in steuring snein. Troch in korreksje falt it oantal besmettingen moandei heger út.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 892 besmettingen meld yn Fryslân. Snein lei dat trochsneed noch op 860 besmettingen, in wike lyn op 826.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne wol twa Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten De Fryske Marren en Waadhoeke.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 21.552. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 22.281.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.