Nyck de Vries ferdigenet Formule E-titel mei Mercedes

Regearjend Formule E-kampioen Nyck de Vries fan Twellingea rydt ek takom seizoen yn de elektryske raceklasse. "Never change a winning team", klonk it by de teampresintaasje fan Mercedes.
Nyck de Vries © ANP
De namme fan 26-jierrige koereur foel de ôfrûne moannen geregeld as der in stuoltsje frijkaam yn de Formule 1. Yntusken is dúdlik dat in oerstap nei de meast prestizjeuze raceklasse der net yn sit.
En dus ferdigenet er takom jier syn titel yn de Formule E. Syn ploechmaat is krekt as ferline jier Stoffel Vandoorne út België.
It wurdt it lêste jier dat De Vries foar Mercedes yn de elektryske raceklasse ride sil. It team hâldt nei takom seizoen op yn de Formule E, om mear de fokus te lizzen op de Formule 1. Dat soe in better platfoarm wêze foar ûndersyk en ûntwikkeling.
De Vries pakte yn augustus de titel yn de Formule E nei in spektakulêre slotrace. Yn 2019 waard er ek al kampioen yn de Formule 2.

Reserverider Formule 1

De Vries is ek de offisjele reserverider fan it Formule 1-team fan wrâldkampioen Lewis Hamilton. "Ik ben twee keer wereldkampioen, op sportief gebied heb ik alles gedaan wat ik heb kunnen doen. Ik vind het een eer dat mijn naam wordt gelinkt aan teams in de Formule 1", sei De Vries yn septimber.
It Formule E-seizoen set yn it wykein fan 28 en 29 jannewaris útein yn Saûdy-Arabië.