Liveblog | 29 novimber 2021

Coronanijs 29 novimber: Lanlik 21.552 besmettingen | KNVB skrast part kompetysjes

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 29 novimber 2021, 22:30
22:30

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.
20:57

Oanpak krapte by berne-opfangen yn coronatiid

Om wat te dwaan oan de personielskrapte yn de berne-opfang meie der ynkoarten faker meiwurkers yn oplieding ynset wurde. It kabinet hat dit beslút naam om't meiwurkers yn oplieding no noch op syn meast in tredde part foarmje meie fan de groepslieding. Dat moat tydlik nei maksimaal te helte ferromme wurde. Foarearst jildt de maatregel in healjier.
Troch de coronakrisis falle der in soad meiwurkers út. Dêrtroch moatte der ek faker groepen bern nei hûs ta stjoerd wurde.
Foarbyldfoto fan in pjut op de berne-opfang © Shutterstock.com
20:51

Selstesten fleane de winkels út

De coronaselstesten fleane de winkels út. Hielendal nei de oankundigingen op de coronaparsekonferinesje fan freed. Dêryn waard it advys jûn om op covid te testen as je op besite gean. Ek by skoallen soene testen dien wurde kinne. Yn in soad winkels binne de selstesten útferkocht, merke se ek yn Ljouwert:
© ANP
19:22

KNVB leit part kompetysjes takom wykein stil, woansdei beslút oer folgjende wykeinen

It fuotbalbûn KNVB hat de kompetysjes foar it kommende wykein foar in part stillein. Troch de coronamaatregel dat it sporten nei 17.00 oere net tastien is, komme in soad trainingen stil te lizzen. De KNVB makket ûnderskied tusken de A- en B-kategory.

A-kategory: gjin kompetysje, allinne ynhelje

Foar de A-kategory jildt dat der gjin regulier kompetysjeprogramma is foar de jongerein en de senioaren. Der meie allinne ynhelwedstriden trochgean, sa't it tal spile wedstriden foar elts team rjocht lutsen wurdt.

B-kategory: wol kompetysjeprogramma

Foar de B-kategory (rekreative kompetysjes) jildt dat it reguliere programma wol trochgiet. De KNVB jout wol oan kûlantens te hawwen foar de teams dy't sels beslute net fuotbalje te wollen.
De KNVB makket nei it debat dat woansdei yn de Twadde Keamer hâlden wurdt in beslút oer de folgjende twa wykeinen fan 11-12 en 18-19 desimber.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
19:14

Harkemase Boys mei op jûntiid traine

De fuotballers fan Harkemase Boys meie wól op jûntiid traine. It kabinet hat besletten dat de amateurklups dy't noch yn de TOTO KNVB-beker spylje in ûntheffing krije om jûns te trainen. It giet yn totaal om acht fuotbalferieningen, dy't dus no ûnder de topsport falle wat de coronaregels oanbelanget. It is in beslút dat de oerheid yn oerlis mei de KNVB en it NOC*NSF naam hat. Harkemase Boys is de iennige Fryske amateurploech dy't foar de ûntheffing yn oanmerking komt.
© Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk
18:40

IC-haad pleitet foar 'fleksibele skyl' yn tal IC-bêden

Der soe in 'fleksibele skyl' komme moatte om mear intensive care-bêden brûke te kinnen as dêr ferlet fan is, seit Peter van der Voort fan Boksum as IC-haad by it UMCG yn Grins.
Hy seit: "Op dit moment hebben we onvoldoende IC-bedden om iedereen die reguliere zorg nodig heeft en alle mensen die covid-zorg nodig hebben op te vangen. Het is nu passen en meten."
Peter van der Voort © ANP