Kryst mei Douwe: krekt wat we no nedich hawwe

Gearstaller en presintator Douwe Heeringa jout op snein 28 novimber it startsein foar de livestream Kryst mei Douwe mei non-stop krystmuzyk.
Kryst mei Douwe © Omrop Fryslân
It binne tsjustere dagen. Net allinnich letterlik bûtendoar, der bart ek fan alles yn de wrâld. Fan nije lockdowns oant rellen en dat is noch lang net alles.

Treast

It is heech tiid foar wat positiviteit. En dat komt goed út, want de feestdagen komme der wer oan. Dat betsjut ek dat it wer tiid is foar Kryst mei Douwe want wat jout no mear treast as de juste muzyk?
Op snein 28 novimber jout gearstaller en presintator Douwe Heeringa it startsein foar de livestream mei non-stop krystmuzyk.
Douwe Heeringa © Omrop Fryslân
Hoe fynt Douwe syn ferskes?
Al sûnt oktober is Douwe him oan it tarieden op de krystperioade en it finen fan de juste ferskes. "Ik sykje altyd nije stikken út, of besteande stikken dy't op in oare manier útfierd wurde. It aardige oan krystmuzyk is datst de stikken mar ien kear yn it jier hearst. Dêrtroch ferrasse se hieltyd wer opnij."
Douwe wurdt faak frege hoe't er al dy muzyk dochs alle jierren wer fynt. "Earlik sein bart dat op gefoel. Ik stean altyd 'oan'. Mei muzyk binne myn earen altyd spitst. Ik haw der gewoan in soad antinne foar, tink ik."
Gjin 'tingeltangel'
Wêr moat in ferske oan foldwaan om op de stream te kommen? "It moat in bepaalde kwaliteit hawwe. It moat reitsje. It hoecht net in perfekt stik te wêzen of in perfekte stim, mar it moat wol wat hawwe. In protte muzyk is fan dat 'tingeltangel' mei beltsjes en dat fyn ik flak. Sa'n kritikus bin ik fierder net, mar myn referinsjekader is echt dat ik it fiele moat."
De ultime favoryt?
Wat is fan alle muzyk Douwe syn ultime favoryt? "Fan de populêre muzyk fyn ik foaral de earste cd fan Barbra Streisand út begjin jierren '60 hiel goed. Dat is hiel echt. En fan de klassikers fyn ik 'Koppangen' fan de Sweedske sopraan Anne Sofie von Otter echt in ultym krystliet." Ek de muzyk fan de Russin Olga Borodina wurdt wurdearre:."Dat fyn ik ferstille, prachtige muzyk. Dat ropt stilte en besinning op."
It is net allinnich mar glitter en glamour.
Douwe Heeringa
Kryst by Douwe thús
Mei 'Kryst mei Douwe' begjint Douwe altyd al betiid, mar jildt dat ek foar him thús? "Nee, thús hâld ik my der minder mei dwaande. It is yn 'e hûs wol altyd fersierd, hear. Mei in beam en mei oare fersiering. Mar dat oerdiedige hoecht fan my allegearre net. It is net allinnich mar glitter en glamour. Ik wol leaver wat mear besinning oer it ôfrûne jier. Om my mei it lyts bliuwe."
Haw it goed mei-inoar
Douwe fiert de krystdagen sels it leafste mei freonen en famylje en hopet dat elkenien goed ominoar tinkt, just no. "Haw it goed mei inoar. Der bart sa'n soad yn de wrâld en ast noch wurk hast en sûn bist, hast al hiel wat om tankber foar te wêzen. En tink ek om in oar. Der binne op it stuit safolle minsken dy't it dreech hawwe. We sille it úteinlik mei ús allen dwaan moatte."
Kryst mei Douwe is fan snein 28 novimber ôf 24 oeren deis te beharkjen op omropfryslan.nl/krystmeidouwe, de Omrop-app en op ynternetradio's.