Liveblog | 28 novimber 2021

Coronanijs fan 28 novimber: 13 besmettingen mei omikron-fariant yn Nederlân

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 29 novimber 2021, 06:03
snein 28 novimber 2021
21:52

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.
20:18

Doutzen Kroes ûnder fjoer troch coronastipe

Topmodel Doutzen Kroes fan Eastermar is sneintemiddei ûnder fjoer kaam op sosjale media. Tydskrift Quote makke bekend dat Kroes mei har BV hast 20.000 euro coronastipe fan de oerheid krigen hat, wylst se altyd tige kritysk west hat op it coronabeleid fan de oerheid.
Ek hat Doutzen har op Instagram alris negatyf útlitten oer it coronafaksin. Se rôp elkenien op om har foarbyld te folgjen en him of har út te sprekken foar frijheid. Quote is dêrom tige kritysk op it model. It blêd stelt dat it fermogen fan Doutzen rûsd wurdt op 29 miljoen euro. Dochs hat se foar 18.817 euro oan NOW-stipe krigen.
18:15

230 nije pasjinten yn sikehuzen

Yn de Nederlânske sikehuzen binne ôfrûne 24 oeren 230 nije pasjinten opnaam mei it coronafirus. Yn totaal lizze der no 2642 minsken mei corona yn in sikehûs. Dêrfan lizze der 551 op de IC.
16:21

Ek yn It Nijsfoarum giet it oer corona

Yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries waard snein heftich diskusjearre oer corona en de oanpak dêrfan.
15:33

589 nije coronabesmettingen yn Fryslân

It RIVM meldt 589 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Lanlik binne der 22.193 nije besmettingen registrearre.
14:45

2.624 coronapasjinten yn Nederlânske sikehuzen

Neffens it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding lizze der snein 2.624 minsken mei Covid-19 yn de sikehuzen. Dat binne der 18 mear as sneon. Fan harren lizze 555 pasjinten op de IC. Dat binne der fjouwer mear as sneon.
© ORF