Earste Johan de Jong-beam plante yn Beetstersweach

Yn Beetstersweach is sneontemoarn de âlderearste Johan de Jong-beam plante. De beam hat in plak krigen yn de tún achter it gemeentehûs fan Opsterlân.
Johan de Jong wie sels ek oanwêzich by it plantsjen:
De Johan de Jong-beam is in earbetoan oan biolooch Johan de Jong. Hy hat 36 jier lang in wyklikse natuerrubryk hân by Omrop Fryslân. Yn maaie naam De Jong ôfskie fan de radio.
Johan de Jong mocht sels in beam en in plak útsykje. Hy hat keazen foar in linebeam.

Jierliks in beam derby

De Johan de Jong-beam wurdt ûnderdiel fan in jierlikse wedstriid. Om sjen te litten hoe belangryk de natuer is én bliuwt foar de Omrop, sil tenei alle jierren in Johan de Jong-beam útrikt wurde foar it bêste partikuliere natuerinisjatyf fan Fryslân.
Johan de Jong by syn earste beam © Omrop Fryslân, Karen Bies
De winner mei dan sizze wêr't neffens harren in beam komme moat. De sjueryleden foar de Johan de Jong-beam fan takom jier binne Annelies van der Goot fan Steatsboskbehear en direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea. Johan de Jong is de foarsitter.
Harkje nei it plantsjen fan de earste Johan de Jong-beam

Idee foar 2022?

Omrop Fryslân docht dizze jierlikse wedstriid yn gearwurking mei It Fryske Gea, Steatsboskbehear, Natuermonuminten en De Fryske Miljeufederaasje. Ideeën foar de priis fan 2022 kinne (oant en mei 30 april 2022) opstjoerd wurde nei it e-mailadres beam@omropfryslan.nl. Ein maaie 2022 wurdt de winner fan de twadde Johan de Jong-beam bekend makke.