Maratonriden falt ûnder topsport en kin no wol trochgean

Gjin lockdown foar de maratonriders yn de topdifyzje. Sy kinne de kommende wiken gewoan harren wedstriden ride. It giet dan om reedriders as Jorrit Bergsma en Marijke Groenewoud. Alle amateursport leit fan snein ôf tusken 17:00 oere middeis en 5:00 oere moarns stil, mar de heechste divyzje fan it maratonriden falt no ûnder topsport. Dat meldt it ANP.
© Orange Pictures
Ferline jier wie dat net it gefal en moasten de maratonriders yn de lockdown de redens yn de tas hâlde, wylst oare topsportkompetysjes wol trochgean mochten.
Technysk direkteur Remy de Wit hat fan sportkoepel NOC*NSF it berjocht krigen dat de topdivyzje fan it maratonriden no wol ûnder de útsûnderingen falt. "Ze worden geschaard onder de topcompetities en de topdivisies kunnen dus doorgang vinden", sa seit De Wit.
Neffens NOC*NSF wurdt wat de topsportkompetysjes oanbelanget hast deselde list oanholden lykas ferline jier, al binne der wol wat wizigings. Begjin takom wike moat dúdlik wêze hokker kompetysjes oft trochgean kinne en yn hokker kompetysjes der tusken 17:00 oere en 05:00 oere net traind en spile wurde mei.
Sneontejûn fynt yn Tilburg de sechsde wedstriid om de Maraton Cup plak.