Gerrit Bennerpriis oerlange oan O.C. Hooymeijer

Keunstner O.C. Hooymeijer fan Spangea hat freed de Gerrit Bennerpriis foar byldzjende keunst út hannen fan deputearre Sietske Poepjes oerlange krigen. Dizze Fryske priis wurdt eltse twa jier útrikt oan in keunstner by wa't in ûntwikkeling yn it wurk bepalend west hat foar de keunst yn Fryslân.
O.C. Hooymeijer krige freedtejûn de priis oerlange
Der wienen trije kandidaten foar de priis. Nei in besite oan de ateliers fan de keunstners foel de kar unanym op Hooymeijer.

"Geweldich goed keunstner"

"Zijn werk zet aan tot reflectie. Op de manier waarop we met de natuur en de dierenwereld omgaan. Het is ideële winst dat met deze kunst gerealiseerd wordt." Mar, sa sitearre deputearre Sietske Poepjes út it sjueryrapport: "It belangrykste is wol dat Hooymeijer in geweldich goed keunstner is."

Net-besteande fûgels

Hooymeijer waard benammen bekend troch it skilderjen fan net-besteande fûgels, lykas de 'blindkuif,' de 'Duitse reiger' en de 'visgluiper'. Hooymeijer skreau dêr sels lytse ferhaaltsjes oer yn de Kleine Gids voor de niet-bestaande Vogels van Europa. Dit boek wûn al ferskate prizen, lykas de Jan Wolkers Prijs en de priis foar it moaiste Nederlânske natuerboek.
It nijste betinksel fan Hooymeijer is de 'steenknieler'. "Het is een bijzondere vogel die zich genesteld heeft op de start- en landingsbanen van Vliegveld Lelystad. Ik hoop dat hierdoor definitief afgezien wordt van de aanleg van het vliegveld", sa seit Hooymeijer.
O.C. Hooymeijer, foar bekenden Onno, waard yn 1968 berne yn Vlaardingen en studearre oan de Academie voor Beeldende Kunsten yn Rotterdam. De keunstner krijt 5.000 euro, in oarkonde en in tentoanstelling yn it Fries Museum yn Ljouwert, dy't fan 27 novimber oant en mei 6 maart 2022 te besjen wêze sil.