Flyers yn rou fanwegen ûnferwachts ferstjerren teambegelieder Geran Beers (41)

De UNIS Flyers spylje sneon mei roubannen om út respekt foar teambegelieder Geran Beers en syn neibesteanden. Hy ferstoar tongersdei folslein ûnferwachts, 41 jier âld.
Geran Beers © UNIS Flyers
Tongersdeitejûn kaam it tryste berjocht binnen by de Flyers dat Beers samar weirekke is. It nijs sloech yn as in bom by direksje en seleksje fan de Feanster iishockeyploech.

Loyale en belutsen meiwurker

Mear as njoggentjin jier wie Beers frijwilliger by de Flyers. Hy hie in grutte passy foar iishockey en wie tige wiis mei syn rol by it BeNe League-team. Neist syn taak as materiaalman die er allerhanne putsjes foar de ploech fan Mike Nason, dy't yn Beers in tige loyale en belutsen meiwurker ferliest.

Stille krêft

Sportferslachjouwer Freark Wijma is bot skrokken fan it nijs dat Beers der net mear is. "Salang't ik by de Flyers kom, wie Geran der ek altyd by. Ik haw him kennen leard as in sympatike, pasjonearre iishockeyman, dy't foaral op 'e achtergrûn aktyf wie. Hy soarge derfoar dat alles om de seleksje hinne regele waard, sûnder sels foaroan te stean. Hy wie sa'n stille krêft, dy't jo net fernimme, mar dy't ôfgryslik wichtich is foar in team en in feriening. Myn kameraman Corneille Bitiri en ik hawwe jierren mei him kontakt hân. We sille him bot misse."

Roubannen en minút stilte

Yn oerlis mei de famylje hawwe de UNIS Flyers besletten om sneontejûn dochs yn aksje te kommen tsjin Den Haag. Alle spilers krije roubannen om en in spesjale sticker op 'e helm om sa harren respekt te toanen oan Beers. Foar de wedstriid is der 1 minút stilte.