Liveblog | 27 novimber 2021

Coronanijs fan 27 novimber: Omikron-fariant nei alle gedachten yn Nederlân

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 27 novimber 2021, 22:40
sneon 27 novimber 2021
22:38

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.
19:54

RIVM: "Omikron-fariant nei alle gedachten ek yn Nederlân"

In oantal passazjiers dy't freed weromkommen binne út Súd-Afrika binne nei alle gedachten besmet mei de omikron-fariant fan it coronafirus. Dat meldt it RIVM. Alle posityf teste reizgers sitte yn isolaasje.
18:53

Omikron-fariant no ek yn Dútslân

De nije omikron-fariant fan it coronafirus is no ek yn Dútslân. Dat meldt it ministearje fan Folkssûnens yn Beieren. Twa minsken dy't yn Súd-Afrika west hawwe, binne posityf test op de nije fariant.
18:14

Yn Snits besykje se de humor derfan yn te sjen

17:05

Ek Malawi op list fleanferbod

15:34

Gjin tsjerketsjinsten nei 17:00 oere middeis

Protestantske tsjerken yn Fryslân krije de fraach fan de Classis Fryslân om nei 17.00 oere middeis gjin tsjerketsjinsten te hâlden. Ek wurdt frege gjin tsjinsten te organisearjen dy't om 17.00 oere noch net dien binne.
"Zo kunnen wij als kerk meewerken aan het terugdringen van het toenemend aantal coronabesmettingen. Namens het Breed Moderamen van onze classis vraag ik u ernstig in overweging te nemen volgens dit advies te handelen", skriuwt dûmny Wim Beekman yn in brief oan de tsjerken.