Gemeente Eaststellingwerf wol roekenêsten fanwegen oerlêst ferpleatse

De gemeente Eaststellingwerf wol roekenêsten ferpleatse om't se foar oerlêst soargje. Se kinne net samar ferjage wurde, omdat it beskerme bisten binne.
© Martin Addison, Wikimedia Commons
De gemeente wol de nêsten ferpleatse fan plakken dêr't se foar oerlêst soargje nei plakken dêr't de roeken har gong gean kinne. Dat bart begjin takom jier. De gemeente siket frijwilligers dy't helpe wolle by it ferhúzjen fan de nêsten.
Sagau't de nêsten ferpleatst binne, wurde de roeken dêr hinne jage. Dat bart dan ûnder profesjonele begelieding.