RIVM: 885 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 885 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 37 mear as tongersdei. Doe waarden 848 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 927 besmettingen meld yn Fryslân. Tongersdei lei dat trochsneed noch op 899 besmettingen, in wike lyn op 637.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan Ljouwert en Súdwest-Fryslân.
Der binne seis Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert, Dantumadiel, Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren (3).

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 21.350. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 22.258.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.