Fryske Akademy komt mei online grammatika fan it Sealterfrysk

26 nov 2021 - 14:58

De Fryske Akademy wurket oan in online grammatika foar it Sealterfrysk. Foar de taal dy't noch yn in lyts gebiet yn it noardwesten fan Dútslân praat wurdt, binne op it stuit mar in bytsje online helpmiddels.

Foto: Kening Aldgilles

It online helpmiddel wurdt makke troch in team fan twa taalwittenskippers en in studint taalwittenskippen. Foar it Frysk yn Fryslân komme hieltyd mear online helpmiddels, foar it Sealterfrysk binne dy der hast net.

Dit helpmiddel moat it makliker meitsje om les te jaan oer of yn it Sealterfrysk. Boppedat moat de online grammatika it tagonkliker meitsje om ûndersyk te dwaan nei de taal. De Kute Seelter Sproakleere fan Pyt Kramer wurdt as basis foar it helpmiddel brûkt.

Njonken it Frysk dat yn Fryslân praat wurdt, hearre ek it Noardfrysk en Sealterfrysk yn Dútslân ta de Fryske taalfamylje. Der binne noch mar in bytsje praters fan it Sealterfrysk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)