Sjinkie Knegt krijt wer in penalty; útskeakele op de 1000 meter

Sjinkie Knegt hat op de twadde dei fan de wrâldbeker in penalty tsjin krigen. Dêrtroch is hy útskeakele op de 1000 meter. Suzanne Schulting en Itzhak de Laat oerlibben de earste ronden wol.
Sjinkie Knegt:
Knegt kaam yn oanrekking mei de Japanner Shogo Miyata en dat fûn de skiedsrjochter genôch foar in penalty. It is de tredde penalty fan Knegt dit seizoen. Sneon rydt hy noch wol yn de heale finale fan de 1500 meter.
Daan Breeuwsma:

Itzhak de Laat gong tongersdei hurd ûnderút op de 500 meter en bleau ek no net op it iis stean. Hy foel by de heats fan de 1000 meter. Dit kear koe hy der sels neat oan dwaan. De Let Kruzbergs foel en naam De Laat mei. Kruzbergs krige in penalty en De Laat mei troch nei de kwartfinales.

Jens van 't Wout waard tredde en is dêrtroch ek útskeakele.

Schulting docht wat se altyd docht

By de froulju wie it foar Suzanne Schulting wer ienfâldich, want se oerlibbe de earste twa ronden troch se beide te winnen. Xandra Velzeboer hat har ek pleatst foar de kwartfinales fan de 1000 meter. Selma Poutsma slagge dêr net yn.
Suzanne Schulting:
Rianne de Vries mocht by de relayfroulju meidwaan en die dat goed. Mei Schulting, Velzeboer en Georgie Dalrymple wûnen se harren kwartfinale foar Italië en Frankryk.
De manlju rieden mei Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat, Jens van 't Wout en Daan Breeuwsma. Dy lêste die de earste trije wrâldbekers net mei, mar krijt dit wykein wer in kâns. Se rieden hieltyd op it earste of twadde plak, mar Sina pakte it earste plak. By it yn gean fan de lêste bocht, die De Laat in alles of net poging, mar dêr krige hy in penalty foar.