Deadlike baktearje fûn yn oanspielde brúnfisken

26 nov 2021 - 12:49

De 190 brúnfisken dy't fan 't simmer oanspielden op de Waadeilannen binne mooglik dea rekke troch in foarm fan bloedfergiftiging. Yn trije kwart fan de ûndersochte seesûchbisten is in baktearje fûn dy't foar bloedfergiftiging soargje kin by walfiskachtigen.

It giet om de baktearje 'erysipelothrix rhusiopathiae':

Dat ha de Universiteit Utrecht en Wageningen Marine Research bekend makke nei ûndersyk. De fisken wiene noch yn goeie kondysje, mar se hienen hast gjin fretten mear yn 'e mage. Dat wiist derop dat it sykteferrin hiel fluch west hat en de bisten hiel gau deagien binne.

Hoe't de baktearje krekt safolle brúnfisken ynfektearje koe, is ûndúdlik. Soks kin troch ynfektearre wetter, ynfektearre fisken of de brúnfisken kinne it ûnder elkoar trochjaan.

Oant no ta binne gjin gefallen bekend wêrby't der safolle bisten yn ien kear dea reitsje troch dizze baktearje. Der is dus noch gjin slutend bewiis dat it hjirtroch komt. De Erasmus Universiteit ûndersiket ek noch oft in firus ferantwurdlik wêze kin foar de massale stjerte.

'Erysipelothrix rhusiopathiae'

De baktearje hjit 'erysipelothrix rhusiopathiae' en komt by hast alle bistesoarten foar. It kin foar in ynfeksje soargje by reptilen, fisken en minsken. By de brúnfisken kamen se by de seksje fan de oanspielde bisten de baktearje tsjin yn in grut ferskaat oan organen.

60 kear safolle

Der binne sa'n 60 kear safolle brúnfisken oanspield as it trochsneed. Dat by in tredde part fan de brúnfisken de baktearje fûn is, is neffens maritym biolooch Mardik Leopold fan Wageningen Marine Reseach net fanselssprekkend. "Deze bacterie was hier nog nooit gevonden. We weten uit buitenlandse studies dat deze bacterie wel in zee voor kan komen, maar in Nederland kenden we het eigenlijk alleen van varkensboerderijen op het land. Dus we waren hier niet op voorbereid."

Mienskiplike boarne

It tal brúnfisken is ek ûngewoan, om't de bisten gewoanwei net yn grutte groepen byinoar libje. "Ze moeten het opgelopen hebben van een gezamenlijke bron. Die moet toch wel vrij breed verspreid zijn, want er zwemmen maar één of twee bruinvissen op een vierkante kilometer. Voordat je er dan 190 geïnfecteerd hebt, dan heb je het over 200 vierkante kilometer zee."

Maritym biolooch Mardik Leopold

Leopold tinkt oan it wetter dêr't de brúnfisken yn swommen of de fisk dy't de fretten hawwe. "We willen nog vissen onderzoeken uit die periode, die hebben we nog in een vriezer liggen. En zo zijn er nog een paar sporen."

Doggersbank

Mei help fan it fretten en troch de seestreamen werom te rekkenjen, koe men der efter komme wêr't de brúnfisken deagien binne. "We komen op een gebied uit dat iets ten zuidoosten van de Doggersbank ligt, zo'n 100-150 kilometer ten noordwesten van de eilanden. We denken dat ze twee tot drie weken rond hebben gedreven. Het is echt een heel eind uit de kust."

Leopold oer de lokaasje dêr't sy fûn binne

(Advertinsje)
(Advertinsje)