Ried Achtkarspelen wol ambisjeuzer kultuerbelied fan kolleezje
De kultuerplannen fan Achtkarspelen binne net ambisjeus genôch. Dat fynt in mearderheid yn de ried. Se stjoere it kolleezje werom nei de tekentafel.
De ried prate oer de kultuernota 'Ut de kûlizen'. De kultuernota's fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel komme út 2008. De kolleezjes ha dêrom de ôfrûne tiid wurke oan in nij, mienskiplik kultuerbelied.
In moasje fan CDA, FNP, ChristenUnie, GrienLinks en Gemeentebelangen, om de jeugd mear te belûken by de útfiering fan de kultuerplannen, waard oannaam. Benammen jongeren tusken de 16 en 30 jier soenen mear belutsen wurde moatte by it kultuerbelied yn de gemeente.