Trije jier sel easke tsjin Drachtster (32) foar ferkrêfting en ûntucht

25 nov 2021 - 22:44

It Iepenbier Ministearje hat in selstraf fan trije jier easke tsjin in 32-jierrige ynwenner fan Drachten dy't him yn de ôfrûne jierren twa kear skuldich makke hawwe soe oan ferkrêfting. By de minderjierrige dochter fan in freon soe er ûntuchtige hannelingen ferrjochte hawwe.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Drachtster ûntkende de feiten foar it grutste part. Mei de dochter fan in freon soe yn syn belibbing nea wat bard wêze, útsein dat er har regelmjittich oankrûpte en dat er wolris in nachttút joech. By in oar slachtoffer soe er ien kear besocht hawwe syn hân yn har broek te dwaan. Doe't de frou syn hân fuort sloech, soe er opholden wêze.

Neffens de frou hat de man oant twa kear ta ûntuchtige hannelingen mei har plege. In tredde slachtoffer soe op har sechstjinde troch de Drachtster ferkrêfte wêze. De man ûntkende net dat der wat bard wie, mar der wie neffens him gjin twang oan te pas kaam.

Ferstanlik beheind

De man hat ADHD en in stoarnis op it autistyske spektrum. Hy soe geastlik in stik jonger wêze as syn kalinderleeftiid. De reklassearring tinkt dat er licht ferstanlik beheind is. De offisier fan justysje easke neist de trije jier sel ek noch in jier selstraf ûnder betingst. De offisier wol fierder dat de Drachtster him behannelje lit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)