Dit litte noardlike reizgers allegearre lizze yn de trein

It oerkomt elke reizger wolris: wat ferjitte yn it iepenbier ferfier. It ôfrûne jier barde dat yn de treinen fan Arriva goed fjouwertûzen kear. En ek dit jier wurdt tûzenen kearen wat fergetten yn de noardlike treinen.
Lyts of grut, alles hat syn wearde, seit Jacoba Hoeksma fan Arriva tsjin RTV Noord:
Mar in lyts part komt by de eigener werom. Wêr bliuwt de rest dan?
Alle foarwerpen dy't fûn binne út de treinen fan Arriva yn Noard-Nederlân geane nei in depot yn Ljouwert. Dêr lizze op dit momint tûzenen foarwerpen te wachtsjen oant de eigener se wer komt opheljen.
© RTV Noord
Kaaien, mobyltsjes en OV-chipkaarten wurde it meast fergetten yn de trein, fertelt Jacoba Hoeksma fan Arriva Nederland: "Reizgers hawwe harren chipkaart dan krekt brûkt om yn te checken en dogge him fluch yn in jas- of broeksbûse. As se wer opstean en útstappe, falt de kaart op de grûn. Pas op it perron wurdt de kaart mist, mar dan is de trein faak al fuort.

'Je soene sizze dat je in rolstoel wol misse'

Geregeld steane de meiwurkers mei fernuvering te sjen nei wat llegearre lizzen bliuwt yn de treinen. Hoeksma: "We hawwe in kear in rolstoel fûn. Je soene sizze dat je dy as eigener by it útstappen wol misse."
Dochs bleau de rolstoel noch in aardige tiid yn it depot stean, foardat de eigener him melde. Neffens Hoeksma komt it geregeld foar dat minsken harren pas let of hielendal net melde: "Je moatte fansels wol witte wêr't je it ferlern binne."
Klean en skuon dy't oerbliuwe krije in twadde libben.
Jacoba Hoeksma, wurdfierder fan Arriva
Net gek dus dat mar in kwart fan de foarwerpen dy't fûn wurde by de eigener werom komme: "As je net witte wêr't je it ferlern binne, kinne je it ek net weromfine. We wurkje sûnt in pear jier mei in nij systeem en we sjogge wol dat it tal guod dat weromfûn wurdt tanimt."
Arriva wurket dêrfoar mei it programma iLost. Dêr wurde alle foarwerpen dy't fûn binne binnen trije dagen op pleatst en beskreaun. Reizgers kinne dêrnei sels nei harren ferlerne guod sykje.

Frijwol neat fuortsmiten

It ferfierbedriuw hantearret foar alle foarwerpen dy't fûn binne de wetlike bewar terminen. Hoeksma: "Foar guod ûnder de skatte wearde fan fjouwerhûndert euro is dat trije moannen, alles dêrboppe bewarje we in jier. Dêrnei sjogge we wat we der fierder mei kinne.
It útgongspunt is om sa min mooglik guod fuort te smiten. "Klean en skuon dy't noch draachber binne, wurde apart bewarre. In groep sjauffeurs bringt dat ien kear it jier nei Roemenië, dêr't it in twadde libben krijt."
© RTV Noord
It guod dat dêrnei noch oerbliuwt wurdt noch ien kear besjoen om te sjen oft de eigener echt net fûn wurde kin: "We sjogge oft der earne in namme op stiet, of bygelyks in stikker fan in bedriuw."

Minder reizgers, dus ek minder ferlerne guod

Troch de lockdown en it thúswurkadvys wiene der ôfrûne moannen foars minder reizgers yn it iepenbier ferfier. Dat wie ek te fernimmen by de servicebalys dêr't de foarwerpen dy't ferlern binne ôfjûn wurde: "Minder reizgers betsjut dus ek minder guod dat ferlern wurdt", ferklearret Hoeksma de ôfname.