Selstraf foar Westereender (35) foar ûntucht mei minderjierrich skoansuske

25 nov 2021 - 21:05

In 35-jierrige ynwenner fan De Westereen, dy't meardere kearen ûntucht plege hat mei it minderjierrige skoansuske fan syn (eks-)partner, is troch de rjochtbank feroardiele ta in selstraf fan njoggen moannen, wêrfan seis moannen ûnder betingst.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

It famke ferklearre dat se fan 2017 ôf meardere kearen ûntuchtige hannelingen ûndergean moast. De fertochten ûntkende. Hy joech allinnich ta dat er it famke in foto fan syn geslachtsdiel stjoerd hie. De rjochtbank hechte mear wearde oan de ferklearring fan it famke.

Skuldgefoelens

It misbrûk hat in swiere wiksel lutsen op de húshâlding en it famke. Se hat PTSS en oarsoartige traumaklachten oprûn. Se kaam op in gegeven momint mei it ferhaal nei bûten om't har nichtsje de leeftiid krige wêrop it by har allegearre begûn. Se wrakselet mei skuldgefoelens.

Earder sededelikt

De Westereender is as minderjierrige ek al ris feroardiele foar in sededelikt. Doe wie it slachtoffer tolve jier. De man hat dêrnei yn behanneling west. De rjochtbank fûn it "zorgelijk" dat dy behanneling net oanslein is. Nei de nije oanjefte is de Westereender frijwillich yn behanneling gien.

Der liket by de man sprake fan in efterstân yn syn sosjaal-emosjonele ûntwikkeling, wêrtroch't er in gebrekkich skuldbesef hat. De offisier fan justysje hie in jier sel easke plus in heal jier ûnder betingst. De rjochtbank lei in legere straf op, mei yn it belang fan de behanneling. De rjochtbank fynt it wichtich dat er him net op 'e nij oan dit soarte feiten skuldich meitsje sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)