Thússoarch ek hieltyd mear yn de knipe: "Vergt best veel van ons"

25 nov 2021 - 20:18

Net allinnich de sikehuzen hawwe it op it stuit dreech om de soarch leverje te kinnen dy't se graach wolle. Ek yn de thússoarch wurdt it hieltyd dreger om de planning rûn te krijen. Dat seit Zoë Luchtmeijer fan Buertsoarch Weststellingwerf.

Foto: ANP Foto

"We merken in korte tijd dat we enorm veel meer cliënten krijgen", seit Luchtmeijer. It giet hjirby dan benammen om (ex-)coronapasjinten dy't thúskomme út it sikehûs. "Dat vergt best veel van ons. We moeten daarin best creatief zijn om alle diensten op te lossen om cliënten van zorg te kunnen voorzien."

"Helaas moeten we dan ook wel eens nee zeggen, omdat we gewoon de personeelsbezetting op het moment niet hebben om alle cliënten van die zorg te kunnen voorzien. Dat is iets dat we niet leuk vinden. We willen juist ook de ziekenhuizen helpen om hen te ontlasten", seit de ferpleechkundige.

'Rekket ús enoarm'

It is dreech foar it personiel dat no net elkenien altyd holpen wurde kin. "Wij willen graag werken met mensen. Wij willen graag zorgen. Als dat niet goed gaat en als we dingen niet kunnen doen zoals we dat anders doen, dan raakt ons dat enorm", seit Luchtmeijer.

In oplossing foar it probleem is der neffens de ferpleechkundige hast net. "Ik denk dat we ons met z'n allen aan de maatregelen moeten houden en goed voor elkaar moeten zorgen, en kijken hoe we ervoor kunnen zorgen dat het niet verder uit de hand loopt, als dat niet al het geval is."

Ferpleechkundige Zoë Luchtmeijer oer de druk yn de thússoarch

(Advertinsje)
(Advertinsje)