Noch trije fertochten fan Cambuurrellen fêst; aginten dogge oanjefte

Trije fan de sân fertochten dy't oanholden waarden op fertinking fan belutsenheid by de rellen by it Cambuurstadion fan ôfrûne snein, sitte noch fêst. Aginten ha ek oanjefte dien fan it geweld.
Plysje by it stadion © CAMJO media
De aginten easkje ek in fergoeding foar de ymmateriële skea dy't se by de rellen oprûn ha. Neffens de Ljouwerter plysjesjef Klaas Dunnink ha de aginten yn deadseangst sitten.

"Ik hoop alsjeblieft dat ik nog thuis mag komen"

By de rellen, dy't ûntstiene wylst yn it stadion in fuotbalwedstriid oan de gong wie sûnder publyk, waard de plysje efterfolge troch in grutte groep jongerein. Se smieten mei fjoerwurk, stiennen en flessen. Dat hat in soad dien mei de kollega's fan Dunnink, sei er op de riedsgearkomste oer de rellen by it Cambuurplein. "Ik hoop alsjeblieft dat ik nog thuis mag komen", hiene syn kollega's tocht.

Syktocht nei de identiteit fan de relskoppers

It is neffens Dunnink net allinne opmerklik dat it om jonge fertochten giet. It giet ek om jongelju dy't noch net earder yn byld west ha by de plysje. Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert wol dêrom de namme en tanamme fan de jongerein witte. "De politie kent ze niet, maar ik vermoed een aantal straatcoaches wel. Of mensen in de buurt. En hoe gaat het op school?", sa frege Buma him woansdeitejûn lûdop ôf.

Besykjen ta moard

De measte fertochten binne tige jong: faaks binne se in jier as 14. Dêrom fynt boargemaster Buma it wichtich om se op in oar paad te bringen. "Dit zijn jongeren die nu al levensdelicten hebben gepleegd. Dit gaat in wezen om poging tot moord, poging tot doodslag of poging tot zware mishandeling. Dat zijn dingen die we in het 'grote-mensen-strafrecht' zeer zwaar bestraffen."

Kamera's by it Cambuurplein

Om situaasjes lykas ôfrûne wykein foar te kommen, dogge de plysje en de gemeente in evaluaasje fan wat der krekt bard is. Ek wolle se witte wat dien wurde kin om werhelling foar te kommen. Sa ûndersiket Buma bygelyks oft it mooglik is om fêste kamera's by it Cambuurstadion del te hingjen. Dat wol hy ek om't dat neffens him helpt om de buert - it stadion leit yn in wenwyk - sa feiliger te meitsjen.

"Grote klus te klaren"

Boargemaster Buma sjocht it as in taak fan de gemeente en de oare partijen om werhelling fan de rellen foar te kommen. "We zien een grote groep in de samenleving die stress heeft en gedeprimeerd is en een uitweg zoekt. We moeten samen met scholen, de zorg en sportverenigingen proberen om zoveel mogelijk gevoel van zin aan de jongeren te geven. Daarin hebben we samen een grote klus te klaren", sa seit boargemaster Buma.