"Direkte trein Ljouwert-Grins mei neat feroarje oan hjoeddeiske sneltreinen"

25 nov 2021 - 18:46

In takomstige direkte trein tusken Ljouwert en Grins mei neat feroarje oan de hjoeddeiske sneltreinen op it trajekt. Dy oprop dogge de fjouwer gemeenten yn it noardeasten fan Fryslân yn in brief oan it kolleezje fan Deputearre Steaten.

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Pleatslik Belang Bûtenpost utere earder dizze wike soargen oer de takomst fan de sneltrein yn Bûtenpost, no't de provinsje in direkte ferbining tusken Ljouwert en Grins ûndersiket. Pleatslik Belang is benaud dat mei de takomstige, streekrjochte ferbining, ien fan de stops fan de sneltrein mooglik ferdwine sil.

De gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân en Tytsjerksteradiel beklamje yn de brief dat de komst fan in direkte sneltrein gjin ynfloed ha mei op it hjoeddeiske oanbod fan sneltreinen, dy't stilsteane yn Feanwâlden, Bûtenpost en Zuidhorn.

De regio hat neffens de gemeenten in soad ynvestearre yn de stasjons en wol de berikberheid ferbetterje.

Trefwurden: 
trein Bûtenpost
(Advertinsje)
(Advertinsje)