Cambuur wit net krekt hoe't NEC it dwaan sil: "We hawwe allegearre plannen klear"

25 nov 2021 - 18:01

Cambuurtrainer Henk de Jong wit noch net presys hoe't er NEC Nijmegen freedtejûn bestride sil. De Ljouwerters nimme it yn De Goffert dan op tsjin de nûmer acht fan de earedivyzje.

Foto: Orange Pictures

Ferline jier wie de wedstriid in hiel ferfelende foar Cambuur, omdat de ploech út Nijmegen doe eins allinnich mat ferdigenje woe. Hoe't sy it no dwaan sille wit De Jong net presys.

"Ik sjoch it wol. Ik wit net krekt wat sy dwaan sille. We hawwe bylden sjoen en hawwe allegearre plannen klear, mar it is faak yn de wedstriid dat wy beslisse moatte hoe't wy it dwaan moatte. Meastal sjogge wy dat nei ien minút wol".

Henk de Jong oer de wedstriid tsjin NEC:

By Cambuur ûntbrekt Marco Tol noch troch in blessuere. David Sambissa is in twivelgefal. Dêr stiet tsjinoer dat Robin Maulun wer werom is. Henk de Jong: "We stean der goed op, mar it bliuwt saak om sa skerp as in mes te bliuwen. We moatte net maklik wurde".

Wurdearring

Cambuur krige nei de oerwinning fan ôfrûne snein tsjin FC Utrecht in protte wurdearring. Ek fan de lanlike media. Cambuur moat der neffens de trainer wol foar weitsje om net boppe de stân te libjen.

Henk de Jong: "Ik haw it der mei de jonges oer hân. It moat net te maklik wurde. Dêr moatte wy foar weitsje. As wy earne te slap wurde, dan giet ús krêft fuort. Ik merk it net, mar ik sis it wol. Oars kin it sa wêze dat ik letter tink: hie ik no mar sein. We meie net yn de war reitsje. As wy allegearre, de fuotballers en de stêf, hûndert prosint binne, dan kinne wy in wedstriid winne. Oars net".

Matchwinner

Jamie Jacobs wie sneintejûn de 'matchwinner' foar Cambuur. Hy skoarde de beslissende goal tsjin FC Utrecht. Jacobs hat de kompliminten út de lanlike media net sa mei krigen sa seit hy. "Ik moet zeggen dat heb ik niet zo gevolgd. We speelden 's avonds laat dus ik heb geen TV meer gekeken. Maar ook dit hoort er bij".

Jamie Jacobs oer kompliminten, ferwachtingen en de play-offs:

Cambuur stiet no sande en hat al 21 punten. De fraach is oft Jacobs dit ferwachte hie. "We hadden gehoopt boven in het rechter rijtje mee te draaien en nu staan we zevende, dus dat is wel iets boven verwachting. Maar de wedstrijden die we hebben gewonnen, hebben we terecht gewonnen. Als we goed blijven spelen hoop ik dat we in het linkerrijtje kunnen blijven".

Yn de Sportcast fan Omrop Fryslân sei âld-Cambuurtrainer Gert Kruys dat hy net útslút dat Cambuur him pleatst foar de play-offs. Wat fynt Jacobs fan dy útspraak? "Het gaat nu goed. Laten we die vibe erin houden. Mooi van wedstrijd tot wedstrijd leven en nuchter blijven. We kunnen ook twee wedstrijden achter elkaar verliezen. Dat kan ook gebeuren. Zolang wij doen waar we goed in zijn, dan gaan we absoluut een mooi seizoen beleven".

De earedivyzjewedstriid tusken NEC en SC Cambuur begjint freedtejûn om 20.00 oere. Ferslachjouwer Geert van Tuinen docht op Omrop Fryslân radio live ferslach fan de wedstriid.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal NEC
(Advertinsje)
(Advertinsje)