Fries Museum nije besitter pjuttefoto Mata Hari nei feiling

It Fries Museum yn Ljouwert hat de foto fan de 2-jierrige Mata Hari oankocht dy't koartlyn ûnder de hammer kaam by in feilinghûs yn Amsterdam. Ek de foto fan har heit is weromgien nei Ljouwert.
© Veilinghuis De Zwaan
Margaretha Zelle waard letter bekend as de eksoatyske dûnseres Mata Hari. De foto's komme út de neilittenskip fan keunstskilder Piet van der Hem, mei wa't Mata Hari koart in leafdesrelaasje hân hat. Se hat de foto en oar guod nei alle gedachten oan him jûn flak foardat se yn 1916 nei Parys gie. In jier letter waard se troch de Frânsen deasketten fanwege spionaazje foar de Dútsers.
In foto fan winkelman Adam Zelle (1840-1910), de heit fan Mata Hari © Veilinghuis De Zwaan
Op de foto dy't it Fries Museum no yn syn besit krigen hat, is Greetje Zelle twa jier. Dit is tagelyk de âldste foto yn de kolleksje fan it museum. Hy is makke troch de Ljouwerter fotograaf Idanus Hendrikus Slaterus, ûnderoan fermeld as J. H. Slaterus. It museum hat 950 euro delteld foar de foto. Op deselde feiling hat it museum ek de foto út 1858 fan Margaretha har heit, Abraham Zelle, oankocht. Beide foto's wurde no earst restaurearre.
Mids novimber wie al wol bekend dat it guod út de neilittenskip fan Mata Hari feild wie, mar noch net wa't de keapers wiene.