Fjoerpylk troch rút plysjeburo Dokkum 'wie ûngelokje'

25 nov 2021 - 16:41

Tsjin in man (33) út Wâlterswâld is in wurkstraf fan 240 oeren easke, omdat er yn de Aldjiersnacht in fjoerpylk troch in rút fan it plysjeburo yn Dokkum sketten hat. De pylk soarge foar in begjinnend brantsje.

It plysjeburo oan de Parklaan yn Dokkum - Foto: RTV-NOF, Ben de Jager

De fertochte seit dat it in ûngelokje wie. Hy wie mei in maat nachts wat oan it omriden en skeat út de auto wei in fjoerpylk. Dy hie de loft yn moatten, mar dat kaam oars. De pylk skeat troch in rút fan in kantoar fan it plysjeburo oan de Parklaan en kaam troch in glêzen doar yn in oare kantoarromte telâne. Dêr begûn it te baarnen.

De plysje kaam de fertochte op it spoar troch DNA op de pylk. De offisier fan justysje leaut net dat it om in ûngelokje giet. De fertochte hat oanjûn dat er de skea fan 2300 euro betelje wol. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
Dokkum fjoerpylk
(Advertinsje)
(Advertinsje)