Beheining rekreative ferhier Hylpen mooglike oplossing jierrenlange kwestje

25 nov 2021 - 16:19

Húseigeners yn Hylpen meie tenei har hûs op syn meast tritich dagen yn it jier rekreatyf ferhiere. Dat wol it kolleezje fan B&W fan Súdwest-Fryslân. Dat nimt dêrmei in grut part fan it foarstel oer fan ferskate belange-organisaasjes yn Hylpen.

De 11Fountains-fontein yn Hylpen - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Der is al in skoft in soad te dwaan oer it rekreatyf ferhier yn de stêd. Dat soe Hylpen der net echt leefberder op meitsje, wie de klacht.

B&W wolle nije inisjativen foar kommersjele ferhier net mear tastean. Fjouwer besteande situaasjes wurde wol tastien.

Mienskip

"Met deze aanpak is Súdwest-Fryslân één van de eerste gemeenten in Friesland die alvast werkt volgens de nieuwe Omgevingswet", seit wethâlder Erik Faber.

"Wij vinden het belangrijk om samen met de mienskip te werken aan een aantrekkelijke omgeving waar het fijn wonen, leven en genieten is. Dit is een mooi voorbeeld van deze nieuwe werkwijze."

It kolleezjebeslút wurdt ein dit jier behannele troch de gemeenteried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)