Trije ferwûnen by slim iensidich ûngelok by Koartehimmen

Op de Prikwei by Koartehimmen hat tongersdeitemiddei in slim iensidich ûngelok west. In auto kaam dêrby tsjin in beam ta stilstân en fleach yn 'e brân. Dêrby binne trije minsken ferwûne rekke.
© SRFotografie
De ynsitters wiene al út de auto foardat de auto yn 'e brân stie. Twa fan de ferwûnen soene der slim oan ta wêze.
Der kaam in traumahelikopter te plak om help te ferlienen. De brânwacht hat it fjoer útmakke.
De Forinsyske Opspoaring Ferkear docht op it stuit ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.