'Mear geweld tsjin froulju troch thúswurk, taboe moat trochbrutsen wurde'

Ferneamde gebouwen oer de hiele wrâld wurde yn it oranje ljocht set om omtinken te freegjen foar geweld tsjin froulju. It inisjatyf Orange the World wol rûnom op de wrâld it taboe trochbrekke.
De flagge giet yn top op It Hearrefean:
Fyftjin fan de achttjin Fryske gemeenten dogge mei oan Orange the World. Ien fan de Fryske dielnimmende gemeenten is Hearrenfean. Sy hise de flagge op it gemeentehûs en iisstadion Thialf en fuotbalstadion Abe Lenstra wurde yn oranje ljocht set.
Minsken tochten dat it hjir dochs net spilet.
Marga Kuipers
Geweld tsjin froulju moat de wrâld út, want ek yn Nederlân bart it noch tefolle. Marga Kuipers, riedslid fan de VVD, set har al jierren yn om Orange the World nei de gemeente Hearrenfean te krijen. Sy wol it taboe trochbrekke.
"Dat sit der seker noch op. Ik fernaam dat al doe't ik der omtinken foar frege. Minsken tochten dat it dochs net spilet op It Fean. Mar spitigernôch spilet it hjir ek. It bart efter de foardoar. Minsken prate der net gau oer. Dêrtroch hinget der in soad stilte omhinne. As we dy stilte trochbrekke, is it mooglik om minsken te helpen."
Mar leafst 45 prosint fan de froulju komt yn oanrekking mei geweld.
Wethâlder Jelle Zoetendal
De gemeente Hearrenfean set ûnder oare yn op previnsje. "Foarkomme is better as genêze," seit wethâlder Jelle Zoetendal. Mar leafst 45 prosint fan de froulju komt yn oanrekking mei geweld, sa seit Zoetendal. Dat binne alle farianten. "It giet dan om echt geweld, lykas slaan en dat soarte fan dingen. Mar geweld sit ek yn lytse dingen. Dan is it psychologysk of ekonomysk. Dat binne allegearre punten dêr't wy omtinken oan jaan moatte. Skoallen en buerthuzen kinne foarljochting jaan."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort
Orange The World op it Hearrenfean © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Spanning yn tiden fan corona

Ien fan de plakken dêr't minsken terjochte kinne, is it Centrum Seksueel Geweld Friesland. Gerda de Groot fan it sintrum fernimt dat it slimmer wurden is: "Als je thuis werkt, zit je vaker op elkaars lip. Dat zorgt voor spanningen. We zien dat in de chats op onze site terug. Kinderen melden dat hun ouders weer ruzie hebben en dat ze geen kant op kunnen. Er speelt van alles. Daarom is het zo belangrijk om Orange the World te hebben. We moeten het taboe doorbreken, zodat het mogelijk wordt dat mensen zich kunnen uitspreken. Juist in deze tijd."
Hast do te krijen mei geweld, dan kinst mei dizze link by it Centrum Seksueel Geweld Friesland terjochte.