AZNN skaalt soarch yn it Noarden fierder ôf; mooglik berop op Reade Krús

25 nov 2021 - 14:34

It Acute Zorg Netwerk Noord Nederland is dwaande de planbere soarch fierder ôf te skalen. It giet om kritike behannelingen als gemoterapy of niertransplantaasjes.

Ferslachjouwer Timo Jepkema oer de ôfskaling:

De minister fan Folkssûnens wurdt frege in spesjaal plan út te roppen. Definsje en ek it Reade Krús kinne dan ynset wurde om soarchmeiwurkers te stypjen. Dizze faze fan it ôfskalen fan de soarch wurdt faze 2D neamd.

De ôfrûne wiken wienen de sikehuzen yn faze 2C: sikehuzen hawwe reguliere planbere soarch ôfskaald, sa as heup- en knibbeloperaasjes en kosmetyske operaasjes.

Karren meitsje

De lêste faze, krisisfaze 3, stiet bekend as koade swart. Sikehuzen ferliene dan allinnich noch akute soarch en moatte dêr somtiden karren yn meitsje.

"Het gaat om zorg als bijvoorbeeld een hartoperatie. Als je die meer dan zes weken moet uitstellen, dan lopen patiënten schade op. Het is ernstig dat we dat nu moeten uitstellen", seit bestjoersfoarsitter Ate van der Zee fan it Regionaal Overleg Acute Zorg.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Druk

"De nadruk ligt natuurlijk op de ziekenhuizen, maar deze capaciteitsproblemen spelen veel breder. De hele keten staat onder druk. Personeel valt uit, bij huisartsenposten, wijkverpleging maar ook verzorgingstehuizen", seit Van der Zee. "We moeten met het Rode Kruis gezamenlijk gaan bekijken, om te inventariseren waar hun inzet kan gaan helpen."

Ate van der Zee

(Advertinsje)
(Advertinsje)