Fryske pater Titus Brandsma wurdt hillich ferklearre

25 nov 2021 - 14:13

De Fryske pater Titus Brandsma (1881-1942) wurdt hillich ferklearre. Paus Franciscus hat dêr offisjeel tastimming foar jûn. In eksakte datum fan de hillichferklearring is noch net bekend.

Fatikaansjoernalist Lidy Peters leit út hoe't it beslút ta stân kaam is:

In genêzing dy't taskreaun wurdt oan Brandsma is as wûnder erkend troch in kommisje fan teologen yn it Fatikaan. Dat hat laat ta de hillichferklearring.

Genêzen fan kanker

It giet om de genêzing fan de Amerikaanske karmelyt Michael Driscoll, dy't 14 jier lyn te lijen hie fan in agressive foarm fan kanker. It bisdom fan Driscoll begûn in gebedsaksje, rjochte op Titus Brandsma. Brandsma sels is al yn 1942 ferstoarn, mar Driscoll hat fan lyts ôf al in grutte devoasje foar Brandsma.

Titus Brandsma (1881-1942) - Foto: Omrop Fryslân

De hûdkanker ferdwûn en kaam net mear werom: Driscoll is wer oan it wurk yn syn parochy. Hy is genêzen ferklearre. Dy genêzing is troch in kommisje taskreaun oan Titus Brandsma. It is út wittenskiplik eachpunt net te ferklearjen, sa sizze sy.

Titus Brandsma waard yn 1881 as Anno Sjoerd Brandsma berne yn Oegekleaster, in buorskip by Boalsert. Hy ferstoar yn 1942 yn Dachau.

(Advertinsje)
(Advertinsje)