Knegt en De Laat soargje foar tredde startplak op de Spelen

De Nederlânske shorttrackers ha by de Olympyske Spelen yn febrewaris net twa, mar trije startplakken op de 1500 meter. Nederlân is der op it lêste momint yn slagge om trije plakken ôf te twingjen. Mei tank oan Itzhak de Laat en Sjinkie Knegt.
© Orange Pictures
Nederlân moat trije shorttrackers by de earste 36 ha oer it klassemint fan de fjouwer wrâldbekers. Dat wie oant no ta net slagge, mar as Jens van 't Wout, Itzhak de Laat en Sjinkie Knegt tongersdei by de lêste wrâldbeker yn Dordrecht de heale finale helje soene, dan wie dat wol wis.
Van 't Wout, Knegt en De Laat oerlibben de foarronden ienfâldich. Yn de kwartfinale wie it lykwols in stik pittiger. Se moasten by de earste trije einigje om troch te gean nei de heale finale. Van 't Wout, ynwenner fan Sint-Jânsgea, moast as earste en waard tredde yn syn heat. De sân tiidrapste nûmers trije meie troch, wêrtroch't Van 't Wout oant de lêste race wachtsje moast.

De Laat en Knegt yn deselde race

Dêrnei moasten De Laat en Knegt tsjininoar, wylst se dus alle twa by de earste twa of trije einigje moasten. Se rieden in goeie race troch frij gau it earste en twadde plak yn te nimmen. Dêrefter holp Vladimir Bykanov út Israël, dy't mei de Nederlanners meitraint, by it tsjinhâlden fan Yoshinaga en Treacy. Dat pakte goed út, wêrtroch't De Laat en Knegt nei de heale finale gean.
Dêrnei moast Jens van 't Wout wachtsje oant de lêste rit, want syn eigen race wie noch altyd te stadich. Omdat de allerlêste rit stadiger wie en der ek gjin riders in advanced krigen, wie it wis: Van 't Wout nei de heale finale. Mar belangriker noch: se ha ek in tredde startplak binnenhelle.
Nederlân is no wis fan it maskimale oantal startplakken op de Olympyske Spelen.
© Orange Pictures

Fryske froulju troch nei heale finale

Suzanne Schulting en Rianne de Vries pleatsten harren beiden foar de heale finale op de 1500 meter. Schulting wûn yn de foarronden en yn de kwartfinale. De Vries wûn yn de foarronden en waard yn de kwartfinale tredde, wat krekt genôch wie foar pleatsing. Xandra Velzeboer waard fjirde yn de kwartfinale en is dêrmei útskeakele op de 1500 meter.
Op de 500 meter wie der in flinke fal foar Itzhak de Laat. Hy foel mei in Bulgaar hurd yn de boarding. It like ta te fallen, mar De Laat krige wol in penalty en is dêrtroch útskeakele op de 500 meter.
Suzanne Schulting hat har wol pleatst foar de kwartfinales fan sneon. Se wûn har twa races.

Relay

De Nederlânske mixed-relayploech hat de heale finale helle troch as twadde efter Kanada te einigjen. De ploech ried mei Suzanne Schulting, Selma Poutsma, Dylan Hoogerwerf en Jens van 't Wout.
Freed binne de foarronden fan de 1000 meter en de kwartfinales fan de relay foar manlju en froulju.