FryslânDOK presintearret: 'Traag naar de Hemel' en 'Farewell to Music'

Yn 'De Wike fan FryslânDOK' lit Omrop Fryslân tsien bysûndere dokumintêres sjen. Dizze tongersdei binne dat Traag naar de Hemel en Farewell to Music. Te gast binne filmmakker Marlies Smeenge en Assie Aukes, kenner fan Ierske folkmuzyk.
Traag naar de hemel © Marlies Smeenge

Nonnen

Traag naar de hemel (30 minuten) is de film dêr't regisseur Marlies Smeenge mei ôfstudearre oan de Filmakademy. Sy folget yn in Belgysk kleaster de lêste susters fan de oarder fan de Norbertinen: Benedicta, Bernadette en Norberta en harren hûntsje Skippy. Se riede harren ta op it krystfeest, wannear't famylje en freonen delkomme. De film is in licht, noflik en bytiden komysk portret. De fraach wat de takomst fan it kleaster is, spilet ek mei.
Tony MacMahon (Farewell to Music) © Omrop Fryslân

Ierske muzyk

Farewell to Music (52 minuten) giet oer it libben fan Tony MacMahon, ien fan de bekendste tradisjonele muzikanten fan Ierlân. Hy krijt de sykte fan Parkinson en dêrtroch kin er gjin 'button-accordeon' mear spylje. De film is makke troch regisseur Cathál Ó Cuaig. De taal fan de film is Gaelic, de oarspronklike Keltyske taal fan Ierlân. Haadpersoan Tony MacMahon is op 8 oktober fan dit jier stoarn.
Marlies Smeenge, Karen Bies en Assie Aukes © Omrop Fryslân
De Wike fan FryslânDOK: fan tiisdei 23 novimber oant en mei freed 26 novimber fan 21.00 oere ôf op Omrop Fryslân telefyzje. Alle films wurde Nederlânsk of Ingelsk ûndertitele. De films binne allinne op telefyzje te sjen, net online.
FryslânDOK hat mei it PLONS! Film Festival en mei Circom, de organisaasje fan omroppen yn Europa, in tsiental ynteressante dokumintêres selektearre.