Noed oer tanimmende agresje tsjin swimbadpersoniel De Kûpe yn Bûtenpost

25 nov 2021 - 11:53

Meiwurkers fan swimbad De Kûpe yn Bûtenpost sitte yn noed oer agresje dy't tsjin har rjochte is. Dy is tanommen sûnt de coronamaatregels wer stranger wurde binne.

Swimbad de Kûpe yn Bûtenpost - Foto: Omrop Fryslân, Daniël de Boer

Der wie al opskuor oer de coronamaatregels dêr't it swimbad him oan hâlde moat en dêr't guon minsken har net yn fine kinne. No giet op sosjale media in ferhaal rûn dat it swimbadpersoniel in jonkje fan seis op bleate fuotten nei hûs ta stjoerd hat, omdat er gjin paske hie.

Kamerabylden

Dat ferhaal kloppet net, seit swimbadmanager Maarten Been fan De Kûpe. It jonkje is op eigen manneboet it gebou útrûn. Dat is ek te sjen op kamerabylden. It personiel hat te lijen ûnder dy agresje.

Been: "Wij zullen nooit een kind het zwembad uitzetten als deze geen zwempasje mee heeft. We kunnen altijd handmatig kinderen registreren. Het 6-jarige jongetje, dat onbegeleid naar de ingang van het zwembad is gelopen, is door ons niet het zwembad uitgestuurd."

Petear

De swimbadmanager fynt de agresje ûnakseptabel en ropt op om mear nei elkoar te lústerjen en yn petear te bliuwen. Der hat yntusken in petear mei de mem fan it jonkje west, lit Been witte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)