Rjochtsaak tsjin Switserske piloat fan by Bitgum delstoarte strieljager útsteld

25 nov 2021 - 11:26

De rjochtsaak tsjin de Switserske piloat dy't fiif jier lyn by Bitgum mei in F-5 strieljager in ûngelok feroarsake en delstoarte, is útsteld. It duorret nei alle gedachten noch moannen foardat de saak wer begjinne kin.

De F-5 kaam telâne yn in fiver by Bitgum - Foto: HVnieuws

De piloat wie mei in tal oaren oan it oefenjen foar in loftshow by de iepen dagen fan de fleanbasis Ljouwert. Yn de loft rekke er in oare fleaner en stoarte del. Hy wurdt beskuldige fan ûnder oare neilittichheid en it fernielen fan materiaal.

De saak is útsteld omdat de militêre rjochtbank bepaald hat dat de advokaat fan de piloat tsjinstridige belangen hat en dêrom net akseptabel is. De fertochte moat no in oare advokaat sykje en dy sil de saak wer hielendal opnij bestudearje moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)