Orange the World freget omtinken foar geweld tsjin froulju: it ferhaal fan Georgia

Mei de ynternasjonale kampanje Orange the World wurdt oer de wrâld omtinken frege foar geweld tsjin froulju. Yn trije portretten ha we omtinken foar geweld tsjin froulju. Yn diel 1 it ferhaal fan Georgia. Sy waard yn har eigen sliepkeamer ferkrêfte, op har 16de jierdei.
Georgia wol mei har ferhaal omtinken freegje foar geweld tsjin froulju © Omrop Fryslân
Georgia is no 21 jier. Se wol iepen har ferhaal dwaan om sa oare froulju, mar ek manlju bewust te meitsjen fan seksueel geweld. Dat it net allinne yn steechjes plakfynt troch ûnbekenden, mar dat it dus ek, sa as by har, thús, yn de eigen sliepkeamer gebeure kin.
Wat is geweld tsjin froulju?
Yn it Verdrag van Istanbul is in definysje fan 'geweld tsjin frouju' opnommen: "Alle vormen van gendergerelateerd geweld die leiden of waarschijnlijk zullen leiden tot fysiek, seksueel of psychologisch letsel of leed of economische schade voor vrouwen, met inbegrip van bedreiging met dit soort geweld, dwang of willekeurige vrijheidsberoving, ongeacht of dit in het openbaar of in de privésfeer geschiedt."
It begjint as se fia Twitter in leuke jonge moetet. Se wit no dat se doe op syk wie nei erkenning. Eksterne befêstiging, want thús krige se dat net. Har mem en styfheit hiene it drok genôch mei harsels, de alkohol en drugs. Se nimt it harren net kwea ôf, want de oare kant wie ek dat sy altyd alles wol mocht. Drinke, blowe, let thús komme. Wat ek mocht: in jonge dy't je online kenne leard ha op de 16de jierdei thús útnûgje en dy't dan sliepen bliuwe mei.
It giet mis dy jûn as hy mear wol as Georgia:
Orange the World is de ynternasjonale kampanje tsjin geweld tsjin froulju en famkes. De start is op 25 novimber en de kampanje duorret oant en mei 10 desimber. Tema dit jier is previnsje. Ferskate gebouwen wurde oranje ferljochte. Ien op de trije froulju makket geweld mei yn har libben. Omrop Fryslân komt mei trije persoanlike ferhalen yn dizze perioade. De trije froulju binne ferbûn oan ExpEx Friesland. As ûnderfiningssaakkundigen kinne sy ynset wurde om de helpferliening te ferbetterjen.
Georgia hat oanjefte dien. De plysje hat de man ek oanhâlden, mar it is net ta in saak kaam. Se hat in pear kear belle en se krige te hearren dat it te drok wie. Se fielt har net serieus naam. Se hat it har mem en styfheit ek ferteld. Dy fûnen it slim wat der bard wie. Op Veilig Thuis kinst tips fine hoe hjiroer te praten.

Grinzen

Op ien goeie freon nei witte de measten eins net wat se sizze moatte. Georgia woe der sels it leafst net oan tinke, twivele oft se wol genôch oanjûn hie dat se it net woe. Mar no, fiif jier letter, wit se dat se dat wol dien hat. Hy hie oan har sjen moatten dat se it net woe. En ophâlde moatten doe't se dat meardere kearen frege. Se hat har ek bot skamme. Want ja, se hie him wol útnûge yn har eigen hûs. No wit se dat noait ien oer je grinzen gean mei.
Georgia fertelt wat de jûn mei har dien hat:
As famke leare je fan je heit en mem dat je net allinne yn it tsjuster nei hûs fytse meie. Dat je appe moatte as je ergens oankaam binne. Dat je better gjin koarte rokjes oan dwaan kinne. Mar wêrom leare de jonges net dat se grinzen respektearje moatte? Dat freget Georgia har ôf.

Respekt

Net dat alle mannen sa binne hear, wol se mei klam sizze. Har earste freontsje nei dit freeslike foarfal respektearret wol har grinzen. Se krijt by de earste kear dat se frije sille in panykoanfal. "Niet echt hoe je je dat voorstelt, zo'n eerste keer." Se laket skamper. Mar har freon hie geduld en no kin se better grinzen oanjaan en doart se wol wer kontakt te lizzen.
Georgia oer wat nedich is om geweld tsjin froulju foar te kommen:
Har 18de jierdei wie ek wer ferfelend. By it stappen yn Ljouwert waard se yn in útgeansgelegenheid yn it krús grepen. De befeiliging waard der byhelle en Georgia en har freonen gienen nei hûs. Se is doe serieus naam. Dat helpt. En wylst se it fertelt, realisearret se har dat se it net iens as útsûnderlik beskôget dat soks plakfynt by it stappen. "Maar het is natuurlijk niet normaal hè."
Georgia hopet dat mei har ferhaal minsken geweld tsjin froulju earder werkenne sille. En dan ek yngripe.
Hast sels (seksueel) geweld meimakke? Belje foar fragen of advys: Veilig Thuis Friesland 0800 - 2000. Kinst ek chatte fia veiligthuisfriesland.nl. of chatmetfier.nl