De Fryske Marren wol ôffal better skiede: fan 132 nei 60 kilo restôffal de ynwenner

25 nov 2021 - 11:10

De Fryske Marren wol dat syn ynwenners har ôffal better skiede. Op it stuit smyt in trochsneed ynwenner fan de gemeente 132 kilo restôffal fuort. Boargemaster en wethâlders wolle dat it op syn meast 60 kilo wurdt.

Foto: De Fryske Marren

Om dat te berikken soene der noch mear saken dy't opnij brûkber binne út it ôffal helle wurde moatte. Ferantwurdlik wethâlder Ilona Groeneveld: "Wy dogge regelmjittich stekproeven. Dan keare we in kontener om en dan sjogge we even goed wat der yn sa'n grize kontener sit. We fernimme dat der dochs hieltyd in protte griente-, fruit en túnôffal noch ynsit."

Grutte sprong

Ut ûndersyk docht bliken dat it om 27 prosint fan it ôffal yn de grize kontener giet, seit Groeneveld. "Dingen dy't eins nei de miljeustrjitte moatte, in âld krukje, in âlde lampe, dat soarte dingen sitte der ek noch altyd yn. Tekstyl fine we der noch yn, papier, glês en elektryske apparaten. Dat is ôffal dat der eins net yn heart."

Groeneveld jout ta dat fan 132 nei 60 kilo in grutte sprong is, mar mei it ynfieren fan in tal maatregels moat it neffens har helber wêze. "Lanlik is it stribjen net mear as 30 kilo restôffal. Wy ha sein: we kinne net fan de flier op 'e souder, mar we meie wol ambysje toane. 60 is te dwaan."

Maatregels

Ien fan de maatregels is om minder faak de grize kontener op te heljen. Fan ien kear yn de twa wiken wurdt dat ien kear yn de trije wiken. De griene kontener wurdt just faker ophelle, fan ien kear yn de fjouwer wiken nei ien kear yn de trije wiken.

Dêrneist wurde de iepeningstiden fan de miljeustrjitte ferromme. "Sadat minsken har grof vuil faker kwyt kinne. Dat kin ek gratis, dus dat kostet neat. Allinnich je moatte der wol foar hinne en wer ride", seit Groeneveld.

Mentaliteit

It kolleezje wol ek besykje de mentaliteit fan de minsken te feroarjen troch it jaan fan mear ynformaasje en foarljochting fia bygelyks de webside, app en krante. De miljeuterreinen krije ôffalcoaches, dêr't minsken mei oerlizze kinne yn hokker kontener it guod moat.

Op 15 desimber nimt de gemeenteried in beslút oer it foarstel fan it kolleezje.

Wethâlder Irona Groeneveld fan De Fryske Marren

(Advertinsje)
(Advertinsje)