Ravaazje en file op Ofslútdyk nei botsing tusken trije auto's

25 nov 2021 - 08:57

In kop-sturtoanriding hat tongersdeitemoarn op de Ofslútdyk (A7) foar in ravaazje soarge. Trije auto's botsten opinoar by Koarnwertersân. Nei it ûngelok ûntstie der in file.

Foto: CAMJO media

Twa rydstripen rjochting Den Oever waarden ôfsletten. It ferkear moast dêrtroch oer de flechtstripe. Op de dyk leinen allegear brokstikken fan de by it ûngelok belutsen auto's.

In ambulânse is oproppen om help te ferlienen. It is net bekend oft der minsken ferwûne rekke binne. De trije skansearre auto's binne fuortsleept troch in berger.

(Advertinsje)
(Advertinsje)