Liveblog | 25 novimber 2021

Coronanijs fan 25 novimber: Freed in beslút oer maatregels | Lanlik 22.247 nije besmettingen

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 25 novimber 2021, 22:32
22:31

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Tank foar it folgjen. Moarnier starte we in nij liveblog op.
19:57

Catshûsberied foarby, freed in beslút oer maatregels

It kabinet hat in idee hokker rjochting oft it op wol om it tal coronabesmettingen te ferminderjen, mar in offisjeel beslút folget freed. Minsken tichteby it kabinet melde dat der noch in soad feroarje kin. It liket it meast wierskynlik dat it kabinet meigiet yn it advys fan it Outbreak Management Team om hoareka, net-essinsjele winkels en kulturele ynstellingen om 17.00 oere slute te litten.
De belutsen bewâldslju oerleinen tongersdei sa as gebrûklik wer op it Catshûs. By dat oerlis toanden demisjonêr premier Mark Rutte en coronaminister Hugo de Jong harren de grutste foarstanners fan hurd yngripe.
It liket ek wierskynlik dat it ûnderwiis iepenbliuwe sil. Mar oft der op skoallen bygelyks ekstra maatregels oerwage wurde om besmettingen dêr tsjin te gean, is noch net dúdlik.
17:53

Ofskaling

Ferslachjouwer Timo Jepkema oer de ôfskaling fan de soarch:
17:43

Teäters noch yn petear mei oerheid

De teäters binne noch hieltyd yn petear mei de oerheid oer it advys fan it OMT om net-essinsjele winkels en kulturele ynstellings de kommende tiid om 17.00 oere te sluten. Dat lit in wurdfierder fan de Vereniging van Schouwburg- en Concertgebouwdirecties (VSCD) tongersdei witte.
De organisaasje wol pas in offisjele reaksje jaan nei de 'corona-parsekonferinsje' fan freed.
15:36

OMT advisearret: hoareka en net-essinsjele winkels 17.00 oere ticht

It OMT fynt dat it kabinet de slutingstiid fan hoareka, net-essinsjele winkels en 'trochstreamlokaasjes' feroarje moat nei 17.00 oere. Dat meldt de NOS.
Oft it kabinet de advizen oernimt, is noch net dúdlik.
15:31

76 coronapasjinten yn Fryske sikehûzen

Yn Fryslân lizze 76 pasjinten yn de sikehûzen, dêr't sechstjin fan op de intensive care lizze. Woansdei leinen 83 pasjinten yn de Fryske sikehûzen, dêr't fyftjin fan op ic leine.
Yn de trije noardlike provinsjes Grinslân, Drinte en Fryslân lizze byinoar 190 coronapasjinten yn it sikehûs, meldt Acute Zorgnetwerk Noord Nederland. Fan dy pasjinten lizze der 44 op in ic-bêd.