Fryske sikehuzen meitsje har klear foar koade swart: "Unminsklike karren"

25 nov 2021 - 07:16

Fryske sikehuzen riede har ta op de saneamde 'koade swart'. It is in senario dêr't je net oan tinke moatte: safolle druk op de soarch dat net alle pasjinten yn it sikehûs behannele wurde kinne.

Tariedingen yn it Antonius Sikehûs wurde al troffen:

By koade swart wurdt alle reguliere soarch yn de sikehuzen stillein en wurdt der allinnich noch akute soarch ferliend. Soarchmeiwurkers moatte dan op basis fan in triaazjeproses bepale hokker pasjint wol en hokker net behannele wurdt.

Dêr is in lanlike proseduere foar makke. Dy situaasje is pas oan 'e oarder as dy útroppen wurdt troch de minister fan Folkssûnens.

Earder al tichteby

Begjin dit jier, yn febrewaris, wie sikehûs MCL yn Ljouwert tichteby sa'n senario. Yntensivist Michael Kuiper sei dêroer doe: "We bereiden ons voor, maar we hebben dit nog nooit gedaan. Ik weet niet of we dit kunnen. Ik hoop echt dat het nooit zover komt dat code zwart in werking treedt."

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Mei it oprinnende tal besmettingen wurdt sa'n situaasje hieltyd reëler, fertelt clustermanager Hendina de Jong fan it Antonius Ziekenhuis yn Snits. "Wy stean echt op in punt wat foar ús as sikehûs in ûntsettend lestige perioade wurdt, as koade swart echt komt."

Tariedingen

It sikehûs is him dêrom alfêst oan it tarieden. "Yn in trainingssintrum spylje wy koade swart nei. In stikje teory, mar ek in stikje basistraining fan hoe't je mei de karren omgean moatte. Watfoar karren meitsje wy en wat kinne wy dwaan yn dy situaasje?"

It hâldt net yn dat der in kar makke wurdt tusken faksinearre en net-faksinearre pasjinten. "Foar ús is in pasjint in pasjint, en dat stiet ek yn de leidraad."

Unminsklike karren

De impact op it personiel is grut, seit De Jong. "Dit binne eins ûnminsklike karren, dêr't wy noch nea foar stien ha en dêr't wy it leafst ek net foar stean wolle."

Der is dan ek ekstra stipe. "Der stiet support klear foar de dokters, it personiel en de minsken om wol mei mekoar yn petear te bliuwen hjiroer. Begelieding is echt needsaaklik op it momint dat wy yn dizze situaasje sitte."

Spannende wiken

En dat momint komt hieltyd tichterby. "Wy krije trije kear de dei de oersjoggen fan it oantal besmettingen en dy grafyk giet elke dei omheech. Dat is soarchlik en dat makket dat wy de kommende twa wiken tige spannende wiken fine."

Hendina de Jong

(Advertinsje)
(Advertinsje)