Oardel meter ek werom yn winkels: "Spitich dat it sa moat"

24 nov 2021 - 21:18

Grutte giele stikkers op 'e rûte en pylken dy't de rinpaden oanjouwe: de oardel meter ôfstân is werom. Wêr't it by de lêste parsekonferinsje noch in advys wie, is de 1,5 meter ôfstân sûnt woansdei wer ferplichte. Mar net elke winkelstêd kleuret wer giel fan de stikkers.

oardel meter werom yn winkels: "

Yn Snits fine in protte winkellju dat de minsken no sels wol witte moatte dat de oardel meter ôfstân wer werom is. Mar net elkenien hâldt him der altyd oan, fertelt ûndernimmer Auke Land fan lampewinkel Allicht.

"Wy moatte minsken dochs wol attindearje op it mûlkapke en de oardel meter, en dat fyn ik soms wol in kwealike saak." Hy fynt dan ek dat de ferantwurdlikheid by de klanten sels leit. "As elk syn ferantwurdlikheid naam hie, wie it net sa fier kaam. Ik fyn it wol hiel spitich dat it sa moat."

Positive reaksjes

By It Dropwinkeltsje yn Snits kin mar ien klant of húshâlding de kear nei binnen. Dochs sjocht Janny Jaarsma wol it positive fan de oardel meter yn. "De rest moat bûten wachtsje. En dat is oan de iene kant ek hiel moai, want minsken kinne harren praatsje dwaan. It sosjale aspekt komt no ek nei foaren. Sy kinne efkes rêstich prate, want de oare minsken steane bûten te wachtsjen. Wy ha goed de tiid foar de klanten, en dat is wol hiel moai."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Winkellju oer de oardel meter ôfstân

By kleanwinkel DUTCH Damesmode fine sy dat in soad minsken wol harren ferantwurdlikheid nimme, fertelt Sjoerdtje de Groot. "Minsken hâlde sowieso wol ôfstân en de mûlkapkes ha se allegearre op." De grutte giele stikkers binne yn de winkel dan ek net te finen. "Wy tinke dat it sa wol dúdlik genôch is."

Parsekonferinsje

De parsekonferinsje fan oankommende freed kin foar de winkellju bêst wol wer ris roet yn it iten goaie. Auke Land is dan ek wol benaud dat alles aanst wer op slot giet. "Dat ha wy wol oan in bepaalde groep minsken te tankjen. Ik fyn wol dat sy harren realisearje moatte dat wy dêr wol de dupe fan binne."

Sjoerdsje de Groot bliuwt posityf: "Wy tinke dat der miskien wol maatregels komme dat der minder klanten yn de winkel komme meie, mar wy hoopje dochs wol dat der yn alle gefallen mooglikheden bliuwe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)