Ried fan Steat: ferheging gaswinning Noardwâlde mei trochgean

24 nov 2021 - 20:32

Gaswinbedriuw Vermilion mei fan de Ried fan Steat de gaswinning yn it Westellingwerfske fjild definityf opfiere fan 30.000 kúb nei 450.000 kúb op in dei.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Boppedat mei Vermilion trochgean mei gaswinning oant 2039 yn stee fan 2024. Reden is dat de heechste bestjoersrjochter woansdei mei in einútspraak alle beswieren en beroppen tsjin it nije gaswinningsplan fan it ministearje fan Ekonomyske Saken resolút ôfwiisde.

Gjin op- of oanmerkingen

De Ried fynt ekstra ûndersiken nei it opfieren fan de gaswinning net nedich. De ûndersiken dy't dien binne, binne foldwaande, sa fynt de Ried. Fierder hat it bestjoersrjochtkolleezje gjin op- en oanmerkingen oer de skearegeling foar wenningen, bedriuwsgebouwen en oare bousels.

Lytse kâns op ierdbeving

De kâns op ekstreme boaiemdelgong en skea troch ierdbevingen, lykas yn it Grinslanner fjild, skat de ried bysûnder leech yn. Dêrby wurdt ûnder mear ferwiisd nei ûndersiken fan KNMI, TNO en Staatstoezicht op de Mijnen.

De kâns dat der yn it fjild by Noardwâlde in ierdbeving fan 2,6 of mear op de skaal fan Richter komme sille, lykas de beving van 2,8 yn 2009 by De Hoeve, achtet de Ried net wierskynlik.

Boppedat soe de beving yn De Hoeve neat mei gaswinning te krijen hân hawwe, mar mei in wetterynjeksje. De gaswinning yn de put by De Hoeve soe al yn 2004 staakt wêze, sa seit de Ried.

Gjin 'Grinslanner tastannen'

Alle oare beswieren faget de heechste bestjoersrjochter ek fan tafel. Al mei al giet de Ried derfan út dat der yn en rûnom Noardwâld gjin 'Grinslanner tastannen' ûntstean sille.

(Advertinsje)
(Advertinsje)