Utstel foar nij ôffalbelied yn de gemeente Ljouwert

24 nov 2021 - 19:47

Ynwenners fan Ljouwert hoege takom jier noch net te beteljen foar it nije ôffalbelied yn har gemeente. De stêd wol in nij belied ynfiere om ôffal better te skieden en der foar te soargjen dat minsken minder ôffal fuortsmite.

Foto: Omrop Fryslân

De gemeente soe oergean op it 'Diftar'-systeem. Dêrby moatte minsken betelje foar it gewicht fan it ôffal yn de grize kliko of foar in klepbeweging fan in ûndergrûnske kontener. It earste jier hoege ynwenners noch net te beteljen.

"Komend jaar wordt een overgangsjaar. Hierdoor krijgen onze inwoners inzicht in de kilo's afval die zij weggooien", seit wethâlder Bert Wassink.

Yn 2022 sil dêrom noch it âlde belied jilde mei in fêst taryf foar de ôffalstoffeheffing. De Ljouwerter ried sil dat taryf yn desimber fêststelle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)