Minister wol oerlis mei garnalefiskers oer skea troch MSC Zoe

24 nov 2021 - 19:02

Minister Barbara Visser fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hat oerlis tasein mei de belutsen fiskerij-organisaasjes oer de problemen dy't garnalefiskers noch hieltyd hawwe mei de ladingresten yn see fan de MSC Zoe.

Fiskers bringe ladingôffal oan wâl op Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Benammen op de súdlike farrûte boppe de Waadeilannen helje de fiskers noch geregeld ladingresten nei boppe. Foar it ôffal is middels it saneamde "Fishing for Litter"-programma ek jild beskikber en de reder fan de MSC Zoe hat dêr ek oan meibetelle.

Probleem is lykwols dat de netten fan de fiskers mei troch skerpe ûnderdielen fan konteners kapot gean. "Het valt er standaard niet onder", sei minister Visser oer de ôfspraken mei reder MSC oer dy skea en wat dêroer ôfpraten is mei reder MSC. Dat die sy woansdeitemiddei yn in Twadde Keamer-kommisjefergadering nei fragen fan ûnder oare de VVD en it CDA. Mar, "ik ga er naar kijken", sa sy Visser.

Clean Up XL

De minister joech wol oan dat sy graach witte wol wêr't de fiskers dizze problemen it meast tsjinkomme. Ek omdat it wol dúdlik wêze moat dat it om guod giet dat fan de MSC Zoe en net om ôffal fan oare skippen.

Nei de offisjele bergingsoperaasje is noch sa'n 800.000 ton ladingôffal lizzen bleaun. Under lieding fan de Waadferiening wurdt besocht dat ôffal yn trije jier tiid út see te fiskjen mei it projekt Clean Up XL.

Op 1 jannewaris 2019 rekke kontenerskip MSC Zoe 342 konteners kwyt op de Noardsee boppe de Waadeilannen. Besjoch it dossier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)