Twa Ljouwerters oanholden foar hannel yn swier fjoerwurk en wapenbesit

24 nov 2021 - 18:16

De plysje hat tiisdeitemiddei twa mannen oanholden omdat se fertocht wurde fan it besitten en hanneljen yn yllegaal fjoerwurk. It giet om twa manlju fan 22 en 24 jier út Ljouwert.

Foto: Twitter: @POL_Leeuwarden

Ut ûndersyk die bliken dat yn in hûs yn Ljouwert en in hûs yn Zeewolde 1800 nitraten, mear as 100 shells, 500 cobra's en 50 flinterbommen leine. Dit fjoerwurk is yn beslach naam en ôffierd.

Yn de wenten waarden ek wapens en guod foar it kweken fan softdrugs oantroffen. De beide manlju sitte noch fêst.

Trefwurden: 
Ljouwert fjoerwurk
(Advertinsje)
(Advertinsje)