Shorttracker Sven Roes nei fal yn it sikehûs

Shorttracker Sven Roes is woansdei nei in fal op de training nei it sikehûs brocht. Dat barde op it iis yn Dordrecht, dêr't fan ôf tongersdei in wrâldbeker holden wurdt. By de fal hat de shorttracker fan Gytsjerk in ankelblessuere oprûn.
© Orange Pictures
"Op dit moment kunnen ze op de eerste foto geen breuk zien, maar mijn ervaring zegt dat dat nog niet alles zegt. We moeten nog even de adem inhouden", seit bûnscoach Jeroen Otter.
Ofrûne wykein helle de âld Nederlânsk kampioen noch knap de finale op de 1500 meter by de wrâldbeker yn Hongarije.
Roes soe dit wykein de 1000 en de 1500 meter ride. Sjinkie Knegt soe gjin inkele yndividuele ôfstân ride, mar docht no dochs mei oan de 1000 en 1500 meter.