'Hounspolder by Goutum fertsjinnet beskerming as 'pearel' foar de skries'

It is mar in lytse polder by Goutum, mar mei 27 briedpearkes docht de skries it bysûnder goed yn de Hounspolder. De FNP, SP en de Partij voor de Dieren yn Provinsjale Steaten wolle dêrom dat de Hounspolder de status fan 'greidefûgelkânsgebiet' hâldt.
© Shutterstock.com (Leo Bucher)
De trije partijen diene woansdei dat foarstel by it debat oer de greidefûgelnota yn Provinsjale Steaten.
Dy status 'greidefûgelkânsgebiet' foar de Hounspolder leit polityk gefoelich, omdat de gemeente Ljouwert flak by de polder in nije stedswyk realisearje wol en graach fan de status ôf wol.

Tefredenheid

"Een goed gruttobelied begint bij een goede bescherming van de gebieden waar de vogel het goed doet", seit aksjefierder en fûgelleafhawwer Rembrandt Veldhuijzen van Zanten út Goutum.
Hy seach ta syn grutte tefredenheid dat de Hounspolder as greidefûgelkânsgebiet op de kaart fan de provinsje stiet.

Twivels

Deputearre Douwe Hoogland hat lykwols syn twivels by dy status. "Neffens my is de Hounspolder dêr te lyts foar. Mar de polder is wol in pearel foar de greidefûgels, en ek pearels fertsjinje beskerming."
De aksjefierders binne wiis mei provinsjale erkenning foar de wearde dy't de polder hat foar de skries. Se binne grif fan doel om it argumint yn te bringen op it stuit dat der sjenswizen yntsjinne wurde kinne foar de plannen fan de nije stedswyk 'De Him' njonken de Hounspolder.

'Flinke ôfstân'

"Het gaat maar om 250 woningen. De gemeente Leeuwarden kan die heel goed op een andere plek realiseren", seit Veldhuijzen van Zanten. De aksjefierders pleitsje foar in 'flinke ôfstân' tusken Hounspolder en bebouwing om sadwaande de funksje fan it gebiet foar de fûgels oerein te hâlden.
Veldhuijzen van Zanten wie earder alle dagen op it provinsjehûs te finen, doe't er dêr wurke as kabinetssjef. No wie er der om te lobbyen foar de greidefûgels en de Hounspolder yn it bysûnder. "Ik sta achter de plannen van de provincie voor grotere gebieden voor de weidevogels. Maar laten we alsjeblieft de gebieden waar de grutto het nu goed doet niet vergeten."
Aksjefierder Rembrandt Velthuijzen van Zanten