Nei skoalle yn it sikehûs: nijbou fan ROC Friese Poort en Nij Smellinghe

ROC Friese Poort en sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten bouwe in nije ôfdieling by it sikehûs. Dêr komt in nije oplieding yn, sadat learlingen fan de Friese Poort makliker tagong krije ta de praktyk.
Nei skoalle yn it sikehûs: nijbou fan ROC Friese Poort en Nij Smellinghe
De nije ôfdieling komt by it parkearplak njonken it sikehûs. Mei in grutte gong wurdt it skoalgebou mei it sikehûs ferbûn. Foar beide partijen sitte der foardielen oan. Nij Smellinghe hopet dat sy learlingen entûsjast krije kinne foar it fak en dat der nij personiel komt. Foar de ROC is it in dûbeldslach om't sy de learlingen fuortendaliks mei de praktyk kennis meitsje litte.

Mear opliedingen

It giet net allinnich om de soarch, want der komme meardere opliedingen yn it gebou. "De praktijk is meteen naast de deur", seit Dick ter Wee fan ROC Friese Poort. "Het is ook de praktijk van de ICT, van de facilitaire omgeving, van de horeca en noem zo maar op. Het is dus ook veel meer dan alleen een gebouw. Het heeft heel veel impact als je hier elke dag rondloopt. Kortom, een prachtige omgeving om te leren."
Dick ter Wee (links) fan ROC Friese Poort en Folkert Brouwers (rjochts) fan Nij Smellinghe © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Der kinne aanst sa'n 600 learlingen nei skoalle. Der is in protte animo foar in oplieding yn de soarch. Troch corona komt de drokte fan de soarch faak yn it nijs, mar der sitte genôch moaie kanten oan seit Folkert Brouwers fan Nij Smellinghe.
"Wy ha it op dit stuit smoardrok en it liket dat it yn de coronaperioade it net leuk is om yn de soarch te wurkjen, mar it is net sa. It is in moai berop. Wy ha it no dreech, mar der komme ek oare tiden oan. It bliuwt fansels net altyd sa drok, want in pandemy ha je hooplik net te faak. Foardiel is wol dat je no witte dat de soarch wichtich is. Dus wy ferwachtsje dat de soarch yn de takomst goeie minsken krije kin."
Yn july takom jier moat de bou klear wêze. Dan kinne de learlingen yn it nije skoaljier yn septimber oan de slach.
Nije ôfdieling ROC Friese Poort by Nij Smellinghe © Nij Smellinghe