SC Cambuur wer yn de reade sifers, dochs is de klup tefreden

24 nov 2021 - 15:06

SC Cambuur hat nettsjinsteande de promoasje nei de earedivyzje dochs reade sifers skreaun oer it foarige seizoen. De klup kaam út op in ferlies fan hast fjouwer ton, stiet yn de jiersifers dy't bekend makke binne.

It stadion fan SC Cambuur - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Troch de reade sifers oer it foarige seizoen, wurdt it eigen fermogen fan Cambuur ek wer negatyf. Ferline jier wie dat eigen fermogen foar it earst sûnt trettjin jier wer posityf, mar dat hat dus mar ien jier duorre. It is fan 10.000 euro yn de plus nei no 283.000 euro yn it read.

De omset fan Cambuur rint al jierren werom. Dat hat ûnder oare te krijen mei it stadion dat ferâldere is. Ek no rint de omset werom mei mear as in heal miljoen euro. Dat hat te krijen mei de coronaperioade, wêryn't de klup minder ynkomsten hie troch lege stadions.

Dêr stiet tsjinoer dat de klup dêr troch de oerheid foar kompensearre is en hast in miljoen euro krigen hat.

Direkteuren Ard de Graaf en Gerald van den Belt fan Cambuur - Foto: Orange Pictures

Finansjeel direkteur Gerald van den Belt fan Cambuur is teloarsteld, mar dochs ek tefreden. "Gezien de omstandigheden en hoe het jaar verlopen is. We hadden begroot dat we vanaf 1 januari weer met publiek zouden spelen. Gezien dat het hele jaar zonder publiek is gespeeld, vinden dat het verlies nog meevalt."

De coronaperioade hat syn wjerslach hân op de klup, sa fertelt Van den Belt. "We hebben heel veel kosten gemaakt vanwege corona." Foarbylden dêrfan binne wyklikse coronatesten, dy't oardel ton koste hawwe. En Cambuur hat betelle sadat de wedstriden op telefyzje te sjen wiene.

"Daar komt nog bij dat we kampioenspremie's niet begroten. Dat drukt die cijfers", wit de direkteur fan de Ljouwerters.

Direkteur Gerald van den Belt fan Cambuur

It negative eigen fermogen soarget net foar panyk by Van den Belt. It is ek net sa dat spilers no yn de etalaazje komme. "Nee, het is allemaal te overzien. We staan er verder goed voor. Doordat we gepromoveerd zijn, is de hele groep veel meer waard geworden. Dat is alleen maar gunstig. En ik ben totaal niet bang dat we gedwongen worden om te verkopen."

De grutste soarch fan Van den Belt en Cambuur is dat der no op 'e nij sûnder publyk spile wurdt. "Wij verliezen elke thuiswedstrijd een ton. Als we de rest van het seizoen zonder publiek blijven spelen, mis je anderhalf miljoen euro. Dat kunnen wij niet trekken, maar dat kan het hele betaald voetbal niet trekken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)