Q&A: Watfoar Fryske shorttrackers kinne nei de Olympyske Spelen?

It wrâldbekerseizoen foar de shorttrackers sit der nei dit wykein op. Dit wykein is de fjirde en lêste wrâldbeker yn Dordrecht. Tiid om de balâns op te meitsjen mei us shorttrack-ferslachjouwer Roelof de Vries.
Roelof de Vries © Omrop Fryslân
De earste trije wrâldbekers yn Sina, Japan en Hongarije sitte der op. Wêrom binne de wrâldbekers dit seizoen sa belangryk?

"Dat hat te krijen mei de pleatsing foar de Olympyske Spelen. Elk lân kin in oantal plakken ôftwinge foar de Spelen. Foar de relayploegen, mar ek foar de trije yndividuele ôfstannen."

Hoe stiet Nederlân der no foar?

"Goed. Op ien ôfstân nei. De 1500 meter by de manlju. Dat wurdt noch in hiele opdracht."

Hoe wurket it?

"Foar elke ôfstân meie per lân maksimaal trije shorttrackers meidwaan. Oer in klassemint fan de fjouwer wrâldbekers moat Nederlân trije plakken by de bêste 32 hawwe op de 500 en 1000 meter. By de 1500 meter is dat by de bêste 36."

En dat is net slagge?

"By de froulju wol en dêr binne se al wis fan trije starters op alle ôfstannen. By de manlju is dat ek gjin probleem op de 500 en 1000 meter, mar wol op de 1500 meter."

En no?

"It kin noch wol, mar dan moatte se tongersdei yn Dordrecht der foar soargje dat alle trije Nederlanners de heale finale helje. As dat net slagget, dogge twa Nederlanners mei oan de 1500 meter yn plak fan trije."

Wat betsjut dat foar de Fryske dielnimmers?

"Oant no ta ha Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat, Sven Roes en Jens van 't Wout de 1500 meter riden. Twa fan dizze fjouwer sille dan ôffalle. Sven Roes en Sjinkie Knegt ha op de 1500 meter dit seizoen al in finale helle. Mar as ik it sizze mei, dan tink ik dat se kieze foar Knegt en De Laat as der mar twa gean."
Suzanne Schulting nei har winst op de 1.000 meter © Orange Pictures
Binne der al Fryske shorttrackers wis fan dielname oan de Spelen?

"Allinnich Suzanne Schulting en Itzhak de Laat. As je op ien ôfstân twa medaljes helje, dan binne je wis fan dielname op de Spelen op dy ôfstân. De Laat helle brûns en sulver op de 1000 meter."

En Suzanne Schulting dan?

"Ja, hast efkes? Se pakte ien gouden medalje op de 500 meter, twa kear goud en ien kear sulver op de 1000 meter en twa kear goud op de 1500 meter. Oh ja, se wûn ek noch twa kear goud en ien kear sulver mei de frouljus-relay en ien kear sulver mei de mixed relay. Koartsein: net normaal, sa goed."

Skema:

En de oare Fryske shorttrackers?

"By de manlju ferwachtsje ik dat Itzhak de Laat en Sjinkie Knegt der grif by binne by de Spelen. Dan bliuwe trije plakken oer. Jens van 't Wout (wennet yn Sint-Jânsgea) set ik dêr ek by. Dan giet it foar de lêste fjouwer plakken tusken de Friezen Sven Roes, Daan Breeuwsma en Melle van 't Wout (broer fan Jens) en Dylan Hoogerwerf. Ik ferwachtsje Sven Roes der ek by."
"Hoogerwerf hat him wol aardich sjen litten op de 500 meter. Melle van 't Wout hat allinnich de 500 riden en net safolle sjen litten. Mar der komt noch in wrâldbeker, in Nederlânsk kampioenskip en in Europeesk kampioenskip. Dus it kin noch wol wat feroarje."
"By de froulju liket it wol dúdlik wa't nei de Spelen sille. Xandra Velzeboer hat ek al finales helle en is noch hiel jong. Dy wurdt noch altyd better. Selma Poutsma liket dit seizoen wat minder, mar dy kinst ek wol opskriuwe. En dan tink ik dat Yara van Kerkhof en Rianne de Vries ek mei sille nei Peking en dan bin ik bang dat it foar Rianne de Vries, nei Sotsji en Pyeongchang, wer in reserverol wurdt."

En Daan Breeuwsma?

"Dy mocht mei de earste trije wrâldbekers net mei, mar nimt yn Dordrecht it plak yn fan Melle van 't Wout. Hy krijt dus noch in kâns. Breeuwsma hat yn it ferline foaral sjen litten belangryk te wêzen foar de relayploech. Dus ik skriuw him noch net ôf."
Sjinkie Knegt © Orange Pictures
Wat binne de kânsen aanst op medaljes foar de Spelen? Sjoch earst ris efkes nei de froulju.
"Hoe't it der no foar stiet, is Suzanne Schulting de te klopjen frou. Sy is de bêste en dan komme wat Koreanen, wat Kanadezen en in Italiaanse (Fontana). Schulting kin op alle ôfstannen en op de frouljusrelay en de mixed relay goud helje. De 500 meter is dan noch it lestichste. Dat is in spesjalistyk ûnderdiel."
En hoe sit it by de manlju? Hoe goed binne dy?
"It is by de manlju minder dúdlik as by de froulju. Dêr is net ien dy't echt dominearret. Ynternasjonaal binne de broerkes Liu út Hongarije en Semen Elistratov op eins elk ûnderdiel wol goed. De Sinezen kamen ynienen op yn dit olympyske seizoen, mei foaral in goeie Ren. De Koreanen binne krekt wat minder oant no ta, op Hwang Daeheon nei. Dy wûn wol twa wrâldbekers. Pascal Dion út Kanada wol ik dêr ek noch bysette."
"De Nederlanners sitte dêr wat my oanbelanget krekt efter. Mei as grutste kânshawwer Itzhak de Laat. Hy stiet yn it klassemint op de 1000 meter ek tredde, wat wol oanjout dat hy der tichtby stiet. Jens van 't Wout kin ek finales helje. Datselde jildt fansels foar Sjinkie Knegt, mar it is noch wat bluisterich allegear dit seizoen, mei twa penalty's ûnder oare. Hy komt troch syn brânwûne-ûngemak fansels fan fier, mar ik ha de hoop dat hy noch net hûndert prosint is en noch wat groeie kin. Dat moat ek as hy meidwaan wol om de medaljes."
"Foar alle trije relayploegen jildt trouwens dat it net heljen fan in medalje in teloarstelling wêze sil. De froulju binne fansels de grutte favoryt."