Ald-turner Epke Zonderland dielt prizen út foar mienskipsideeën

Ald-turner Epke Zonderland hat prizen útrikt oan persoanen of ynstellingen dy't goede ideeën hawwe foar de mienskip en de takomst. Soarchfersekerder De Friesland hie dy wedstriid útskreaun.
Epke Zonderland dielt prizen út:
De priiswinners koenen maksimaal 2.500 euro winne om it idee út te fieren. Ien fan de winners is Gerlotte Majoor. Se krige de priis op de Thomas van Aquinoskoalle yn Snits.

Itensiede foar in oar

Majoor har idee bestiet út it oprjochtsjen fan in platfoarm. Dêr kinne minsken bygelyks foar in oar itensiede as ien it dreech hat fanwegen bygelyks sykte of by in berte. It idee waard Kraamkost en Rouwkost neamd.
"It idee is ûntstien doe't ús dochter slim siik waard", leit Majoor út. "Doe waard der foar ús itensean. Dat fûn ik sa'n prachtich idee, dat ik tocht dat we dat mear foar elkoar dwaan moatte. En doe betocht ik om dêr in platfoarm foar te meitsjen, om fraach en oanbod fan minsken dy't itensiede wolle of it nedich hawwe, by elkoar te bringen."
Epke Zonderland hat in priis útrikt oan winner Gerlotte Majoor © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It platfoarm krijt in webside. Dan soe it de namme liefdedoordemaag.nl (of .frl) krije kinne neffens Majoor. "Ik sjoch it wol sitten. Ik kin it sels net. Dus moai dat it bedrach der is en dan kinne we dêr in webside fan bouwe en minsken byinoar bringe." Se wol it leafst sa folle mooglik minsken yn Fryslân mei-inoar ferbine troch it platfoarm.
Yn totaal binne der twahûndert ideeën ynstjoerd by De Friesland. Trettjin dêrfan hawwe in jildpriis krigen om it idee út te fieren. Epke Zonderland rikte woansdei noch prizen út oan trije oare winners en freed folget noch in groep priiswinners.
Ferslachjouwer Ronnie Porte wie by de priisútrikking